It Sân
It Sân is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It wetter is in wetter east fan Koudum en is middels in eilân oan de noardeastkant hast ôfsluten fan de Fluezen. Lofts en rjochts fan it eilân komt men op de Fluezen. Oan de westkant leit polder De Gearfoeging.
De namme It Sân jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme 't Zand.