It Swartkrús
It Swartkrús is in oarde tusken Noardburgum en de Kûkhernster Feart. Yn it ferline rûn de Harstewei ek oan de westkant fan de feart fierder en gie dêr oer yn de Simmerdyk. Mei de oanlis fan de Grinzer Strjitwei yn 1830 is de brêge opskood nei de strjitwei en krige dy de namme de Swarte Tille. Op ‘e westigge oan ‘e súdkant fan it âlde trasee fan de Harstewei hat yn it begjin fan de 20e iuw in flaaksfabryk stien. Dêr’t it fabryk stie, is hjoed-de-dei it wetterpark “Zwartkruis”.
Namme
bewurkje seksjeDe oarde It Swartkrús hat syn namme wierskynlik net krigen fan in poepekrús mar in oarsprong wurdt ferhelle yn ‘e sêge dy’t optekene waard troch Dam Jaarsma.
Op ‘e trijesprong fan de Oastersingel fan Kûkherne mei de strjitwei kamen earder de Simmerdyk en de Harstewei byinoar. De Eekhoff kaart fan 1847 jout by de lettere oansluting fan de Simmerdyk op dy nije strjitwei fan 1830 oan bebouwing de namme het Zwarte Kruis. It giet nei alle gedachten om de herberge ’t Zwartkruis dy’t in swart krús yn it pannedak hie. Dat krús moat neffens de iennige optekene sêge weromgean op in earder krús op in soldategrêf.
Dy sêge giet koartsein sa. Op in dei marsjearre in rezjimint soldaten lâns de strjitwei fan Ljouwert nei Grins. Doe’t ien fan dy soldaten stoar, hawwe syn kammeraten him yn ‘e berm begroeven. Om’t er roomsk wie hawwe se op dat plak in swart krús tusken it gers makke. Dêrnei waarden wat sinten sammele en waard oan de buorlju frege foar dat jild dat krús swart te hâlden. It earste swarte krús soe dus bedoeld west hawwe om dy ferstoarne kammeraat te earjen.
It begryp strjitwei liket it ferhaal tusken 1830 en 1847 te datearjen, mar betink dêrby dat dat earst yn 1968 opskreaun waard.