Ivo Winnubst (Amsterdam, 1950) is in byldzjend keunstner út Elim. Nei de oplieding oan de Rietveld Akademy tusken 1972-1976 studearre hy ôf yn de rjochtingen Yllustraasjes en 3D-foarmjouwing. Hy krige les fan Piet Klaasse dy't him de krêft fan de linefiering learde. By Herman Gordijn learde er om by portretten de útstrieling fêst te lizzen. Dêrnei rekke er yn de reklamewrâld.

Working Class Heroes 1
(Oaljeferve op linnen – 100 x 100 sm
)

Mei in konteepotlead tekenet er in opset en wurket allinnich it wichtichste diel fan it skilderij út yn tinne lagen oaljeferve fertinne mei lynoalje.

Underwerpen yn syn wurk binne de minsk yn al syn hoedanichheden en ek de grafyske foarmjouwing heart ta syn wurk. Hy makket bytiden ek sabeare posearre wurken op basis fan tafallige moetingen. In grutske skoarstienfeier of in famke by it stopljocht of in âlde man op it binnenplak fan in soarchynstelling. Sok wurk neamt er sels 'Human Figures Frozen'. De makke foto's wurket er dan út yn syn atelier. Meast skildert er dan yn akryl en oaljeferve op linnen. Dêrneist is it portret yn opdracht in diel fan syn oeuvre. Hjirby siket er ek om ‘it unike momint’, it oare portret.

It wurk fan Ivo Winnubst is sa goed as permanint te sjen by it atelier en Galery Afterdaan fan syn frou Lydia yn Elim. Net allinnich De Human Figires Frozen wurken mar ek in grut tal tekeningen, sketsen en ferskate objekten fan syn hân. Neist de ekspo’s fan syn keunst organisearret Afterdaan by tiden eksposysjes mei keunstners as Jan G. Marque, Marianne den Otter, Arie Goedhart, Ton Lindhout en Marijke Sikking.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: