Izaäk Hendrik Gosses

Izaäk Hendrik Gosses (Dokkum, 9 jannewaris 1873 - Grins, 23 jannewaris 1940) wie in skiedkundige. Hy wie troud mei Jacoba Keij sûnt 4 novimber 1902.

Izaak Hendrik Gosses

Gosses kaam út in ûnderwizerslaach, sawol fan memme- as heitekant. Nei it gymnasium yn Ljouwert studearre er skiednis yn Leien, wie in learling fan Robert Fruin. Letter promovearre er by prof. P. J. Blok; dêrfoar studearre er noch in pear semesters yn Marburch en Wenen.

Gosses wie in autoriteit op it mêd fan ekonomyske- en midsiuwske skiednis. Yn 1915 waard er heechlearaar yn Grins, as opfolger fan Johan Huizinga. Hy bestudearre it gebiet fan Swin oant Weser, it wengebiet fan de Friezen. Benammen syn lytsere publikaasjes hannelje oer Fryske skiednis.

Gosses waard yn 1922 beneamd ta lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Gosses, Izaäk Hendrik.