Jaap Fijnvandraat
Jacob Gerrit (Jaap) Fijnvandraat (Amersfoart, 30 novimber 1925 – Eindhoven, 31 maart 2012) wie in Nederlânsk evangelist. Hy wie ien fan de foaroanmannen yn de Nederlânske Vergadering van Gelovigen.
Jaap Fijnvandraat | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jacob Gerrit Fijnvandraat | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 novimber 1925 | |
berteplak | Amersfoart | |
stoarn | 31 maart 2012 | |
stjerplak | Eindhoven | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ûnderwizer | |
aktyf as | evangelist | |
reden bekendheid |
evagelisaasjewurk |
Biografy
bewurkje seksjeFijnvandraat waard mei syn âldere broer Johan opbrocht yn de rûnte fan de Fergadering. Hy waard ûnderwizer ear't er yn 1959, lykas syn broer, fulltime as evangelist oan 'e gong gie. Tegearre mei syn broer wie er tsientallen jierren belutsen by it evangelisaasjewurk, fral yn Fryslân. De broers giene op paad mei twa âlde stedsbussen en tinten.
Neist it evangelisaasjewurk wie Fijnvandraat ûnder mear de oprjochter fan de stichting Oase en stichting Wat zegt de Bijbel. Dy fersoargen efterelkoar jeugdkampen en skriftlike Bibelkursussen. Ek wie Fijnvandraat belutsen by de oprjochting fan de Evangelyske Hegeskoalle en Evangelyske Omrop.
Mei syn broer Johan, Willem Ouweneel, Dato Steenhuis en Henk Medema wie Fijnvandraat bekend as ien fan de fiif werkende broeders. Sy holden in protte sprekbeurten yn kristlik Nederlân en wiene de bekendste fertsjintwurdigers fan de Fergadering. De bruorren behearden oarspronklik ta de linkerflank fan de Fergadering. De linkerflank is mear rjochte op fernijing, bygelyks dat froulju lieten opjaan en gebeden fersoargje mei en âldsten dy't de lieding yn de gemeente krije.
Yn de rin fan de tiid waarden sy links ynhelle troch Medema en Ouweneel dy't yn de jierren njoggentich it karismatyske tinken de Fergadering ynbrochten. Dêr moast Fijnvandraat neat fan hawwe. Ynternasjonaal waarden sy bekend as de "Dutch five" doe't sy skeel krigen mei fertsjintwurdigers fan de Dútske Fergadering fan Leauwigen oer de nammejouwing fan ferskate tsjerken.