Jakob Johan Maarleveld, meast Jaap Maarleveld (Vlaardingen, 11 maart 1924 - Amsterdam, 28 septimber 2021) út Fryske Peallen wie akteur en oprjochter, en mei syn frou, artistyk lieder fan it noardlik toanielselskip de Noorder Compagnie (1966). Yn 1976 droech er de lieding oer oan Z. Kraus.

Jaap Maarleveld
akteur
Maarleveld yn toanielgroep Puck, 1950
Maarleveld yn toanielgroep Puck, 1950
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacob Johan Maarleveld
berne 11 maart 1924
berteplak Vlaardingen
stoarn 28 septimber 2021 (97 jier)
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1947 - 2019
J. Maarleveld (2e links) yn it telefyzjespul De donkere kant fan de aarde, 1960

Hy gie nei toanielskoallen yn Amsterdam en Parys, debutearre yn 1947 by it Rotterdamsk Toaniel fan Ko Arnoldi. Tusken 1950-1953 spile er by it selskip Puck yn Amsterdam, tusken 1952-1956 by it ABC-kabaret fan Wim Kan. Fan 1956-1959 by de Nederlânse Comedie, trije jier freelance.

Hy waard sûnt 1962 bekend fan telefyzje troch syn haadrol yn de bernerige Okkie Trooy út de jierren '60 fan de 20e iuw. Ek liende er syn stim foar ferskillende harkspullen. Yn 1964 krige er in stúdzjebeurs foar de Sorbonne. Sette in soad toaniel oer, benammen út it Frânsk. Dêrnei hie er in roltsje yn de populêre searje Floris dêr't er de rol fan Karel fan Gelre spile. Maarleveld wie ek te hearren yn it troch him oersette en bewurke harkspul Dood van een vrijgezel dêr't er de frijfeint spile.

Oant de jierren '90 waard it wat stiller, oant er de rollen krige yn ûnder oare De Bunker (1992) en Kruimeltje (1999). Fierders hie er in oantal gastrollen yn de telefyzjesearje Baantjer. Sûnttids is hy - benammen troch syn hege leeftiid - benammen te sjen yn gast- of lytsere rollen. Hy wie troud mei de aktrise Manon Alving (1923-2010).

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: