De Avonturen van Okkie Trooy
De Avonturen van Okkie Trooy wie in telefyzjerige dy't útstjoerd waard troch de AVRO yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw.
De haadpersoan wie Okkie Trooy, in útfiner, dy't feitlik as iennichste útfining in kofferke hat dat, at hy it sels iepen makket, fol sit mei krintepofkes, mar at in oar it kofferke iepen makket is it leech. Mei syn assistint Nono en húshâldster Rozemarijntje wennet Okkie Trooy yn it doarpke Kukelton. Op in dei wurdt er tegearre mei Nono op tsjustere wize nei de planeet Fabelonië flitst. De iennige dy't har' helpe kin werom te gean nei Kukelton is de Geheimzinnige Ips. Op 'e siik nei de Geheimzinnige Ips meitsje Nono en Okkiein in soad omswalkjen moetsje se bysûndere Fabeloniërs en belibje se spannende aventoeren. Sa hawwe se in moeting mei Keninginne Fifi dy't wat frjemd is en komme se yn 'e kunde mei in wol hiel betsjoenende Loki-Loki. Op it lêst fine se de Geheimzinnige Ips. As se op 'e nij op aventoer geane krije se te meitsjen mei de Floepmasine.
Der binne totaal 27 ôfleverings west en de searje rûn fan 29 septimber 1962 - 9 maaie 1964. It ferhaal wie fan Henk M. Meijer jr.
Rolferdieling
bewurkje seksje- Jaap Maarleveld - Okkie Trooy
- Louis Bongers - Assistint Nono
- Nanni Vermeer - Rozemarijntje
- Simone Rooskens - Loki Loki
- Siem Vroom - Vleer de fisker
- Karin Haage - Guppie de frou fan Vleer
- Piet Hendriks - Menear Jeronymus
- Willy Ruys - Boargemaster fan Kukelton
- Julien Schoenaerts - Geheimzinnige Ips
- Jack Horn - Mannetje Wegwijs
- Jan Apon - Knoek
- John Leddy - Olivarius
- Rudi Falkenhagen - de Fergulde Kikkert
- Stefan Felsenthal - Fabelonyske grinswacht
- Lucas Wensing - Prins Zero
- Huib Rooymans - fabelwachter Knikkebol
- Gerard Heystee - majoar fabelwachter
- Dinie de Neef - Keninginne Fifi fan Fabelonië
- Herbert Joeks - Loki Loki
Seizoenen
bewurkje seksjeSeizoen | Ofleveringen | Utstjoeringen |
---|---|---|
1 | 18 | 29 septimber 1962 - 8 juny 1963 |
2 | 9 | 28 septimber 1963 - 9 maaie 1964 |