Rudi Falkenhagen (folút: Rudolf Johan Falkenhagen; Diemen, 6 maaie 1933Breukelen, 26 jannewaris 2005) wie in ferneamd Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur. Hy briek oarspronklik troch mei de rol fan 'e boef Snuf yn 'e bernerige Pipo de Clown. Ien fan syn bekendste rollen hie Falkenhagen as fabryksdirekteur Dries Rustenburg yn 'e dramasearje De Fabriek. Yn lettere jierren makke er himsels as stimakteur bekend by in jonger publyk yn 'e rol fan 'e piloat Turbo McKwek, yn 'e Disney-tekenfilmsearje DuckTales.

Rudi Falkenhagen
akteur
Falkenhagen yn 'e searje De Fabriek.
Falkenhagen yn 'e searje De Fabriek.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rudolf Johan Falkenhagen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 6 maaie 1933
berteplak Diemen (Noard-Hollân)
stoarn 26 jannewaris 2005
stjerplak Breukelen (Utert)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 19552003
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Iere jierren

bewurkje seksje

Falkenhagen waard yn 1933 berne yn Diemen, as de soan fan in hynstesmid. Doe't er alve jier wie, kaam syn heit te ferstjerren. Komyk Tom Manders skeakele him in jiermannich letter yn as learling-toanielbouwer. Yn 1953 wied er sadwaande belutsen by it opbouwen fan Manders syn kabaretfoarstelling Saint Germain des Près, wêryn't er ek in lytse rol fertolke yn it saneamde 'boarstelnûmer'. Nei't Falkenhagen en Manders spul krigen hiene, meunstere Falkenhagen datselde jiers noch as tweintichjierrige seeman oan by de Hollân-Amearika Line. It teäter siet him lykwols yn it bloed, en doe't er nei ferskate seereizen troch Manders frege waard om yn te fallen foar in sike kollega, stimde er dêryn ta.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

As akteur makke Falkenhagen yn 1955 syn debút by de Amsterdamske Komeedzje yn it toanielstik De Spooktrein. Yn 1960 mocht er by it Amsterdamske Folkstoaniel ynfalle as soan Geert yn Op Hoop van Zegen. Om dyselde snuorje hinne briek er op 'e tillefyzje troch mei syn rol fan 'e stammerjende boef Snuf yn 'e bernesearje Pipo de Clown. Oare ferneamde rollen fan Falkenhagen wiene dy fan kapelaan (en letter pastoar) Paulus Lumens yn 'e tillefyzjesearje Dagboek van een Herdershond, út 1978, en dy fan Dries Rustenburg, de direkteur fan it sûkerfabryk, yn 'e dramarige De Fabriek, út 1981.

 
Snuf en Snuitje, lofts Rudi Falkenhagen as Snuf.

Njonken syn tillefyzjewurk spile Falkenhagen ek withoefolle toanielrollen, faak mei de selskippen Studio en Ensemble, mar gauris ek los dêrfan. Sa wied er yn in grut tal kluchten te sjen, lykas Goeie Buren, Huwelijk in de Steigers en Joost Mag Het Weten, trije stikken dêr't er yn gearwurke mei Piet Bambergen. Yn 'e regel fertolke Falkenhagen op it toaniel wichtige byrollen, mar gjin haadrollen. Fral it spyljen fan plysjes of oare gesachsdragers lei him goed. Ek yn films wie Falkenhagen te sjen, bgl. as in ûnmeilydsume poaier yn De Poolse Bruid (1998) en as dr. Boom yn 'e bernefilm Sinterklaas en het Geheim van de Robijn (2003).

Fierders wie Falkenhagen, mei syn karakteristike dûnkere stimlûd, ek aktyf as stimakteur. Yn dy hoedanichheid makke er him fan 1987 ôf bekend by in hiele nije generaasje tillefyzjesjoggers yn 'e rol fan piloat Turbo McKwek yn 'e Disney-tekenfilmrige DuckTales en yn 1991 yn 'e dêrop basearre animaasjespylfilm Darkwing Duck. Falkenhagen lies ek in boek út 'e rige Inspecteur De Cock, fan Appie Baantjer, foar as audioboek. Ien fan syn lêste tillefyzjerollen wie in gastrol yn 'e Baantjer-ôflevering De Cock en de Moord op Ome Arie, dy't útstjoerd waard op 17 novimber 2000.

Yn 2004 waard by Falkenhagen sloktermkanker fêststeld. Hy wegere him dêrfoar behannelje te litten, en ferstoar op 26 jannewaris 2005 by him thús yn Breukelen, yn 'e provinsje Utert, yn 'e âlderdom fan 71 jier.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.