Tyldrift

(Trochferwiisd fan Jachtich)

Tyldrift is de oandriuw ta pearjen sa't dy by in protte bistesoarten ienris yn 't jier yn in beskate perioade foarkomt. De Fryske taal ken in stikmannich meast agraryske termen foar dit ferskynsel, dy't per soarte ferskille.

  • Bargen: sûgen binne rûzich en bearen bearich
  • Geiten: geiten binne driftich
  • Hazzen en kninen: hazzen en kninen binne jachtich of ramsk
  • Hinnen: hinnen binne brodsk
  • Hynders: merjes binne willich of hynstich
  • Hûnen: teven binne loopsk of lobsk
  • Katten: katten binne maartsk
  • Kij: kij binne dúnsk (ek wol deunsk), dunich, bollich, bolsk of ropsk
  • Skiep: eien binne driftich, ramsk of rammich

Algemiene Fryske termen foar tyldrift binne: djoeisk, joeisk, ridzich, ritsich, rippetylsk en tylsk. De oandriuw ta pearjen moat net betize wurde mei it dragen fan 'e frucht, in steat wêryn't men in bist yn it Frysk drachtich of foal neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (A.J. Osinga Uitgeverij), ISBN 9 06 06 64 40X.