Jacob Duck, ek wol Duyk, (Utert, ± 1598 - dêre, jannewaris 1667) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Jacob Duck. Wachtromte mei soldaten by it kaartspul. ± 1640-1650.

Duck krige in oplieding ta edelsmid en oefene dat berop ek út, mar yn 1621 naam er tekenles by Joost Cornelisz. Droochsloot. Doe waard er skilder en slute him yn 1629 oan by it Sint-Lucasgilde.

Duck lei him spesjaal ta op sekuer skildere genrestikken yn lyts formaat. Hy makke ynterieurkes en fral, yn it Nederlânsk, kortegaardjes, dit binne tafreeltsjes mei soldaten yn in wachtferbliuw.

Syn skilderijen binne yn iepenbier en partikulier besit. De Galery yn Gotha besit fiif doeken, de Sammlung Liechtenstein yn Wenen hat fjouwer. Eartiids is Duck nochalris ferwiksele mei Jan le Ducq en mei Johan le Ducq.

Keppeling om utens

bewurkje seksje