Jacob Haantjes
Jacob Haantjes (Renkum, 1 septimber 1899 – Goes, 3 augustus 1956) wie in learaar, doktor yn de letterkunde.
Hy wie de soan fan in Fryske ûnderwizer, ek in Jacob, dy’t yn Renkum oan skoalle stie. Letter hat er ûnder oaren yn Ouddorp, Wommels (1907-09) en Ljouwert (1911-23) wenne, omdat syn heit geregeldwei fan baan feroare.
Haantjes promovearre yn 1929 op: Gysbert Japicx, Fries dichter uit de 17e eeuw. Yn’e mande mei G. G. Kloeke joech er Drei friesische Hochzeitgedichte út (1929).
Haantjes wie sân jier lektor yn Londen en Oxford, dêrnei learaar yn Doetinchem, Zeist en Sutfen.
Literatuer
bewurkje seksje- J.H. Brouwer, Oantinken oan Jacob Haantjes (1899-1956, meast út syn briefwiksel, 1960)
- J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma, Gysbert Japicx wurken (letter ek oantekenings, 1966)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Haantjes, Jacob. |