Jacob van Zuylen van Nijevelt

Mr. Jacob Pieter Pompejus baron van Zuylen van Nijevelt (Dordrecht, 29 juny 1816Den Haach, 4 novimber 1890) wie in Gelderske ealman en Thorbeckiaansk Twadde Keamerlid, dy't yn 't earstoan folgeling fan Thorbecke wie en yn syn earste kabinet minister fan Bûtenlânske Saken wie.

J.P.P. van Zuylen van Nijevelt

Syn neef Julius van Zuylen van Nijevelt wie fan 1866 oant 1868 foarsitter fan de Ministerried.

Nei ûnderrjocht op- it Atheneum Illustre yn Dimter studearre Zuylen van Nijevelt rjocht oan de Universiteit Utert, dêr't er ek promovearre yn 1840.

Nei syn tredde houlik yn 1857, mei in dochter fan âld-minister Jan Jacob Rochussen, kaam er ûnder de ynfloed fan syn nije skoanheit yn konservativer farwetter telâne. Hy wie nei in koartduorjend ministerskip lieder fan de Zuylianen yn de Twadde Keamer, dy't harren tsjin de liberalen en anti-revolúsjonêren kearen. Neitiid wie er gesant yn Parys en mei hege jierren noch lid fan de Earste Keamer. Yn 1889 waard er beneamd ta Minister fan Steat.

Twadde Keamer

bewurkje seksje
Perioade
13-02-1849 o/m 19-08-1850

07-10-1850 o/m 19-09-1852
20-09-1852 o/m 16-10-1852
18-09-1854 o/m 19-09-1858