Jacob van der Mersch

Jacob van der Mersch (van der Meersch) (ferstoarn 1600) wie in lânmjitter út Flaanderen dy't warber wie yn Emden. Hy waard benammen ferneamd om syn kaart fan de ferdronken Doalertdoarpen út 1574.

Kaart fan it ferdronken lân fan Reiderlân út 1574, hjir yn de printe ferzje fan Johannes Fabricius, 1592, sa as oernommen yn de atlassen fan Joan Blaeu
Kartûsje fan de Doalertkaart troch Jacob van der Mersch, Emden 1574, 2e graads kopy.
Stedhûs fan Emden dy't boud waard fan 1574-1576 nei it foarbyld nei dy fan Antwerpen (1880). It gebou waard yn 1943 troch Britske bommesmiters foar it grutste part ferwoastge

Jacob van der Mersch kaam nei alle gedachten út Súd-Flaanderen of Henegouwen, mooglik út Kortrik of Waasten. Faaks wie er ien fan de anonime meiwurkers fan kaartemakker Jabik fan Dimter en hie er yn Gint syn oplieding krigen. Hy waard yn 1568 neamd by de bou fan de fêstingwâlen fan de foarstêd Faldern by Emden. Dat wurk stie nei alle gedachten ûnder lieding fan stedsboumaster Laurens fan Steenwinckel sr. (1517-1585), dy't ek it nije stedhûs ûntwurp. Dat stedhûs waard boud neffens foarbyld fan it Stedhûs fan Antwerpen (1564).

Yn 1574 krige Van Mersch de opdracht fan it stedsbestjoer fan Emden en meitsje twa kaarten fan de riedseal fan it nije stedhûs. Ien dêrfan wie ein caerthe van older gestaldt deß Reiderlandtz, sa as it gea der útsjoen hawwe soe foar it ûntstean fan de Doalert yn 1277. De oare wie in aktuele kaart fan Eastfryslân, dy't yn opdracht fan de greve fan Eastfryslân makke waard. Kopyen fan de earste kaart lieten sjen dat it om in Renêssânse-ûntwerp mei kartûsjes nei Súdnederlânsk foarbyld gie. De kaart fan Dampierre út Gint (1540), dy't de Westerskelde yn 1274 ôfbyldet, moat as foarbyld fan dy kaart tsjinne hawwe. In ynsetkaart lit de doetiidske sitewaasje sjen. Ek de stêd Grins hie yn 1546 twa fan sokke kaarten meitsje litten, dy't yn de riedseal hingje. Van der Mersch basearre him, lykas earder yn Gint dien waard, op Fan Dimter syn kaart fan de noardlike Nederlannen út 1545, dochs die ek syn eigen mjittings dêr't er fantasy mei histoarje yn mjukse.

Ien fan de kartûsjes lit it wapen fan de stannegearkomste fan de Upstalbeam sjen, dat boppe it wapen fan de lânshearen fan it hûs Sirksena oanbrocht waard. Dêr boppe stiet in ryksearn as beskermer fan de Fryske Frijheid. Dy folchoarder waard tagelyk ornearre foar de wapens op it midrisalyt fan it stedhûs. Dat wie ek dien nei it foarbyld fan it Antwerpske stedhûs mei boppe de ryksearn, dêrnei in ôfbyld fan de nasjonale held Silvius Brabo en alhiel ûnderoan it wapen fan lânshear kening Filips II. Tsjin dy folchoarder makke greve Edzard II beswier, en wist er it op te rêden dat syn famyljewapen boppe dy fan de stêd Emden en dy fan syn mem en frou oanbrocht wurde soe. De Upstalbeam waard fuort litten.

De kaart wie benammen foar de polityk ornearre. Der stie in oersette útspraak fan Sallustius Mit Eendracht magh ein Landt bestaen, dat dorch tweedracht moet ondergaen (mei iendracht kin in lân bestean, dy't mei twadracht ûndergean sil). Dy útspraak stie ek yn de foarm Concordia res parvae crescunt boppe de yngong fan it stedhûs en wie tagelyk in warskôging oan de lutherske greve om syn skeel mei syn broer Jehan en de grifformearde stêd Emden net fierder út de hân rinne te litten.

De Doalertkaart waard in grut súkses. Sels Ubbo Emmius doarde in tal lytse flaters op de kaart net tsjin te praten. De histoaryske gegevens krigen as ynsetkaart in plak op de kaart fan Ortelius fan Eastfryslân út 1592, ûntwurpen troch de Antwerpske predikant Johannes Florianus. Om't de makker yn 1585 al eksekutearre wie, hat Van der Mersch mooglik dy útjefte besoarge. De wiere opmjittings waarden tagelyk troch oare kartografen oernommen, wêrûnder Laurentius Michaelis yn 1579. It kin wêze dat Van der Mersch ek by oare kaartútjeften fan Easstfryslân belutsen west hat.

Om 1584 wurke Van der Mersch as lânmjitter yn Siuwsk-Flaanderen. Oer syn warberens dêre is fierders neat bekend. Hy boaske yn Emden op 20 july 1595 Swane Jansen en ferstoar justjes foar 16 septimber 1600 yn syn hûs yn de foarstêd Faldern.

De oarspronklike Doalertkaart rekke yn de njoggentjinde iuw ferdwûn. Ek de earstegraadskopy dy't de Emder stedsboumaster Jan Abrams Nanninga yn 1827 makke, is net bewarre bleaun. Gozewinus Acker Stratingh wie nei alle gedachten de lêste fan wa't bekend is dy't it orizjineel sjoen hie doe't er yn 1833 mei it ûnderwerp warber wie. In fersimpele mar sekuere kopy is oernommen yn de hântekene atlas Trifoleum aureum Oistfrisico-Emdanum út 1679.

Keppeling om utens

bewurkje seksje