Jacobus Steenbicker

Jacobus Steenbicker (Kampen, 1649 - Frjentsjer, 1719) wie in fransiskaansk geastlike.

Steenbicker waard misjonaris yn Frjentsjer fan 1679 oant syn dea yn 1719 [1]. Hy rjochte dêr yn 1693 in skûltsjerke op. Hy skreau oer it ûntstean fan de staasje en it barren fan syn tiid (foaral oer ferfolging en skeel): Deductio stationis Franekeranae.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Steenbicker, Jacobus.

  1. op Kerk en orgel