Jamestown (Sint-Helena)

(Trochferwiisd fan Jamestown (St. Helena))

Jamestown is de haadstêd fan it Britske oerseeske gebiet Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha en teffens it haadplak fan it eilân Sint-Helena. Jamestown waard yn 1659 fanwege de Britske East-Yndyske Kompanjy stichte. De stêd waard ferneamd nei Jakobus II fan Ingelân. Yn 1673 wie de stêd in skoftke beset troch de Feriene Eastyndyske Kompanjy.

Jamestown
City of James Town
De stêd fan boppe ôf sjoen (1985)
De stêd fan boppe ôf sjoen (1985)
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Britsk oerseesk gebietsdiel Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha
Eilân Sint-Helena
Sifers
Ynwennertal 630↓ (2016)
Oerflak 3,6 km²
Befolkingsticht. 198,3/km²
Oar
Stifting 1659
1859 (stedsdistrikt)
Tiidsône UTC+0
Kaart fan Sint-Helena

Jamestown bestiet min ofte mear út in haadstrjitte dy't tusken twa steile hichte rint en dy't de natuerlike haven mei it oarepart fan it eilân ferbynt. Ein jierren 90 hie de stêd sa'n 850 ynwenners, mar yn 2016 wiene dat der noch 630.

De stêd spile yndertiid in rol yn it bestriden fan de slavehannel troch de Britske marine, de Royal Navy.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Ut de stêd wei rint in steile trep fan 183 meter en 699 treden omheech nei de top fan Ladder Hill. De trep út 1829 hjit 'Jakob's ljedder' nei de Jakobsljedder út de Bibel. De stêd hat ek in museum foar skiednis en kultuer fan Sint-Helena, it Museum Sint-Helena.

Alle jierren wurdt der in hurdrinwedstriid holden oer de trep. Boppe-oan Ladder hill leit de bûtenwyk Half Tree Hollow.


Keppelingen om utens

bewurkje seksje