Jan Baptist van der Hulst
Jan Baptist van der Hulst, ek wol Jean-Baptiste Van der Hulst (Leuven, 2 maart 1790 - Brussel, 14 maaie 1862) wie in Belgysk keunstskilder en litograaf. Hy makke benammen namme as portrettist en wie fan 1830 oant 1849 hofskilder fan it Nederlânsk Keninklik Hûs.
Jan Baptist van der Hulst | ||
keunstner | ||
Selsportret | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Belgysk | |
berne | 2 maart 1790 | |
berteplak | Leuven | |
stoarn | 14 maaie 1862 | |
stjerplak | Brussel | |
reg. identiteit | Flaamsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Hofskilder | |
streaming | Akademyske keunst | |
bekendste wurk(en) |
Portretten fan leden fan it Nederlânsk Keninklik hûs | |
jierren aktyf | ± 1810-1862 | |
offisjele webside | ||
RKD_profyl |
Libben en wurk
bewurkje seksjeVan der Hulst studearre oan de keunstakademy te Leuven by Josse Pierre Geedts. Yn 1819 makke er in stúdzjereis nei Parys en fan 1825 oant 1827 wie er yn Italië, ûnder oare yn Rome. Werom yn Leuven skildere er it alterstik foar de St. Jacobstsjerke.
Van der Hulst rjochte him benammen op histoarjestikken en portretten, yn in klassike akademyske styl. Yn 1830 ferhuze er nei De Haach, dêr 't er troch kening Willem I ta hôfskilder en beneamd waard ("schilder des konings"), in funksje dy 't er fuortsette ûnder it bewâld fan kening Willem II. Ek advisearre hy beide keningen by harren keunstoankeapen.
Nei de dea fan Willem II yn 1849 fêstige Van der Hulst him yn Brussel, dêr 't er yn 1862 yn de âldens fan 72 jier ferstoar.
De portretten dy't er makke fan de leden fan it Keninklik Hûs binne foar in grut part noch yn besit fan de Keninklike famylje. Se binne ûnder oare yn Paleis Noordeinde en Huis ten Bosch. Ek it Ryksmuseum Amsterdam, Paleis het Loo en De Lakenhal yn Leiden hawwe wurk fan syn hân yn harren kolleksje.
Galery
bewurkje seksje-
Kening Willem I, 1830
-
Kening Willem II en gesin, 1832
-
Kening Willem II, 1833
-
Wilhelmina fan Prusen, 1833
-
Anna Paulowna, 1837
-
Alexine Tinne fjouwer jier âld, 1839