Jan Haken
Jan Haken (Finsterwolde, 13 oktober 1912 – Amsterdam, 20 novimber 1956) wie in Nederlânsk CPN-politikus.
Haken waard opbrocht yn in Grinlânske húshâlding fan lânarbeiders. Hy gie nei de kweekskoalle en waard dêrnei master op in legere skoalle en wie propagandist foar de CPN. Al yn it begjin de Twadde Wrâldkriich wie er warber yn it ferset; dêrom siet er tusken 1941 en 1945 fêst yn konsintraasjekamp Buchenwald.
By de Twadde Keamerferkiezings fan 1946 waard er yn de Twadde Keamer keazen. Fierders wie er lid fan it partijbestjoer fan de CPN en tusken 1947 en 1952 sekretaris fan it partijbestjoer de CPN. Dêrnei wie er sekretaris fan de fraksje fan de CPN. Hy die it wurd op it mêd fan ekonomyske saken, lânbou, ferkear en wettersteat, folkshúsfêsting en de PTT. Yn 1956 waard er fannijs keazen, mar hy stoar foar syn beëdiging as lid. Jan Haken syn broer Harm Haken wie tusken 1958 en 1963 lid fan de Earste Keamer.