Jan Hannema (Frjentsjer, 23 april 1839 - Burgum, 28 desimber 1878) wie in lyts minske. Hy joech optredens ûnder it pseudonym Admiraal Tom Pouce.

Admiraal Tom Pouce

Libben en wurk

bewurkje seksje

Jan Hannema wie in soan fan apteker Pieter Hannema. Syn bruorren en susters neamden him '(Us) lyts Tomke'.

De earste fermelding fan in optreden fan Jan Hannema is te finen yn de Ljouwerter Krante fan july 1854 by it 'Grand Théâtre des Variétés' fan de hearen Schoeman en Van Lier. Hy is dan 15 jier âld en soe -neffens de krante- al in soad foarsten moete hawwe. Hy hie doe yn alle gefallen wol al de kroanprins fan de Nederlannen moete.

Yn de jierren dêrnei hie er optredens yn it bûtenlân en spruts hy 5 talen. Yn Ingelân waard Hannema ferneamd as The Friesland Dwarf [1]. Hy kaam pas yn july 1864 wer werom yn Fryslân dêr't er yn it teater fan Soeter in soarte balletfoarstelling jout. Dêrnei soe hy noch inkele optredens yn Fryslân hawwe.

Nei syn karriêre sette de wilens begoedige Hannema him nei wenjen yn Burgum dêr't er ek stoar.

In Ljouwerter sigarefabrikant neamde in sigaar nei him: Tom Pouce.

Yn it teater is hy opfolge troch in oare dwerch, Gerrit Keizer út Sint Anne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Museum Martena, Jan Hannema, alias admiraal Tom Pouce
  • NRC.nl De hofdwerg: bespot en spottend, 9 april 1993
  1. Frjentsjerter Krante, 20 desimber 2017

Keppeling om utens

bewurkje seksje