Jan Mantel
Jan Mantel (Utert, 30 maaie 1889 – Grins, 3 july 1956) wie in Nederlânske dokter en dammer. Mantel hie in dokterspraktyk yn Weidum. Hy spile ûnder it pseudonym 'Telman', in anagram fan syn namme.
Jan Mantel | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 30 maaie 1889 | |
berteplak | Utert | |
stjerdatum | 3 july 1956 | |
stjerplak | Grins | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Damjen | |
wichtige prestaasjes | ||
4x Frysk kampioen |
Jan Mantel wie yn 1928 de earste damkampioen fan Fryslân. Yn 1931, 1932 en 1933 waard er wer Frysk damkampioen. Nei 1934 spile hy net mear yn wedstrydferbân, al damme er noch wol thús.
Jan Mantel yn syn frije tiid neist damjen oan skaken en biljerten. It biljerten die er yn Ljouwert by 'de Friesche Club' dêr't er in protte prizen wûn.
Hy ferstoar op 67-jierrige leeftyd yn in sikehûs yn Grins, nei't er hast 40 jier yn Weidum en omkriten praktisearre hie.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |