Jan Mens (Amsterdam, 18 septimber 1897 – dêre, 31 oktober 1967) wie in Nederlânsk skriuwer.

Jan Mens ûnfangt de Sulveren medalje fan de stêd Amsterdam fan Gijs van Hall (17 september 1962

Libben bewurkje seksje

Hy wie in soan fan Jan Mens, diamantsliper, en Helena Elisabeth Falke. Hy waard opbrocht yn in sober fermidden en yn ferskate folkswiken fan Amsterdam. Doe't er njoggen wie stoar syn heit en syn mem wie twong om as skjinmakster de kost te fertsjinjen om de hûshâlding troch de tiid te krijen. Jan gie nei de ambachtsskoalle om it meubelmakkersfak te learen en krige yn 1922 in fêste baan. Datselde jier boaske er oan de Grinslânske Abeltje Stenhuis; de hûshâlding ferhuze yn 1925 nei Betondoarp.

Yn 1933 rekke er syn wurk by it biljartfabryk Wilhelmina kwyt en sette er út ein mei de skriuwerij, earst mei berneboeken en ferhalen. Under de skûlnamme Jan Rebel waard 1934 in seleksje sosjale sketsen útjûn mei de titel Rafels. Yn 1935 krige er as lid fan de SDAP kunde oan skriuwer A.M. de Jong en skriuwer en âld-skoalmaster Theo Thijssen, dy't syn manuskripten korrigearre en him oanrekommandearre. Yn 1938 wûn Mens de Kosmos Eerstelingen Prijs foar jonge skriuwers mei it manuskript fan Mensen zonder geld en dat wie de oanset ta syn trochbrek as skriuwer. Begjin jierren sechtich, krekt foar syn dea, wie er de bêst ferkochte skriuwer fan Nederlân.

Benei alle romans fan Mens spylje yn Amsterdam, de stêd dêr't ferknotte oan wie, en beskriuwe it libben fan de 'gewoane man'

Bibliografy (karút) bewurkje seksje

  • 1939 - Mensen zonder geld (roman)
  • 1940 - De gouden reael (roman) (1ste diel romansyklus 'Griet Manshande')
  • 1941 - Koen, roman van een jongen (roman, mei in protte autobiografyske aspekten)
  • 1943 - Waterland (roman) (letter útjûn as Goud onder de golven)
  • 1946 - Meester Rembrandt (roman)
  • 1950 - Er wacht een haven (roman)
  • 1953 - Elisabeth (roman)
  • 1960 - Marleen (1ste diel út De kleine waarheid-trilogy)
  • 1962 - Het heldere uur (2de diel út De Kleine Waarheid-trilogy)
  • 1964 - Het kleine verschil (3de deel uit De Kleine Waarheid-trilogy)
  • .... - Robinson crusoe op'n nij bewurke

Keppelings om utens bewurkje seksje