Jan Planting (Drachten, 27 maaie 1893 - dêre, 29 novimber 1955) wie in ferver, dekoraasjeskilder en keunstskilder út Drachten. Planting syn wurk hat foaral dokumintêre wearde.

Olterterp

Libben bewurkje seksje

Jan Planting hat syn hiele libben yn Drachten tahâlden. Hy hat in skoftke yn de lear west by printerij 'De Vrije Fries' yn Drachten, mar waard al rillegau feint by in hûsskilder. Neist dat wurk folge er tekenûnderrjocht.

Yn 1914 moast er yn tsjinst, krekt yn de tiid fan de mobilisaasje as gefolch fan de Earste Wrâldkriich. Hy bedarre yn Noard-Brabân by de grinsbwaking. Dêr tekene er portretten fan syn tsjinstmaten en op in útstalling yn Tilburch en wûn dêrmei in brûnzen medalje.

Werom yn Drachten waard er ferver en boaske er oan Aeltsje Bergsma yn 1923.

Op in stuit wûn Planting hynder en reau op in lot út de lotterij. Dat smiet him 850 gûne op dêr't er in eigen skildersbedriuw fan begjinne koe. Wilens tekene en skildere Planting en bestudearre er it wurk fan oare keunstners. Hy krige advys fan Ids Wiersma dy't fan 1918 oant 1926 yn Drachten wenne. Wiersma syn ynfloed is te fernimmen yn guon fan Planting syn wurken. Wat letter krige er ek kunde oan de skuonmakker en keunstner Thijs Rinsema, mei wa't er syn wurk bespriek.

Ek waard er oantrune ta skilderjen troch Sjoerd de Roos, famylje fan memmekant.

Wurk bewurkje seksje

It bêste fan Planting syn wurk hat grif artistike wearde. It measte hat lykwols histoarysk-topografyske betsjutting mei't Planting, faak tige detaillearre, stikjes fan Drachten en omkriten feistlein hat yn syn skilderijen en tekeningen; plakken dy't al lange tiid ferdwûn binne.

Wurk yn Museum Dr8888 bewurkje seksje

In kar:

  • Hûnderten tekeningen (fral fan Drachten en omkriten)
  • Stillibben mei fervepotten. Oaljeferve.
  • Stillibben mei trije soarten koal. Oaljeferve.
  • Selsportret (mei 56 jier yn wurkklaaiïng fan hûsskilder). Oaljeferve.
  • Fan 4 novimber 2023 oant en mei 31 maart 2024 de tentoanstelling: Jan Planting, skilder.