Jan Frederik Rinke (Schildwolde, 27 maart 1863De Haach, 20 maaie 1922) wie in Nederlânske keunstskilder, etser, litograaf, yllustrator, boekbânûntwerper en tekenlearaar.

Pietje Bell op wei nei skoalle. Ofbylde troch Rinke yn Pietje Bell of de lotgevallen van een ondeugenden jongen (Chris van Abkoude, 1914)

Tusken 1899 en 1902 studearre Jan Rinke oan de Ryksakadeemje yn Amsterdam. Dêrfoar wurke in oantal jierren as ûnderwizer yn Rotterdam, dêr't er kunde krige oan de lettere berneboekeskriuwer Chris van Abkoude. Fan 1908 ôf yllustrearret Rinke de berneboeken fan Chris van Abkoude foar Utjouwerij Kluitman. Hy yllustrearre dêrnei in soad boeken, ûnder oaren fan Chris van Abkoude de earste twa dielen út de Pietje Bell-rige en it boek Jaap Snoek van Volendam. Yn dat lêste boek komt er sels foar as de skilder Breedevoorde.
Rinke makke ek affysjes en wie ek boekbânûntwerper; foar de firma Kluitman yn Alkmaar ûntwurp er tsientallen bannen. By útjouwerij Scheltens & Giltay ferskynde Jong Holland op schaatsen, een dag op het ijs, een groot 'boek' (24 × 55 cm) mei figueren dy't útknipt wurde koene en oereinset wurde koene om in winterlânskip te meitsjen.

Rinke wenne en arbeide yn Nederlân yn Amsterdam, Blaricum, De Haach, Laren en Volendam. Fierder wurke er ûnder oare yn it bûtelân yn Londen, Berlyn, België en Tirol (Eastenryk).

Jong Holland op schaatsen
  • Pieter A. Scheen: Lexicon Nederlandse beeldende kunstenaars 1750–1880. Den Haag 1981, s. 429
  • M. van Wijk-Sluyterman: Van anonieme boekversierders tot erkende kunstenaar. Twee eeuwen boekverzorging en illustraties van het Nederlandse jeugdboek. Den Haag 1981, s. 63, 68.
  • Francien Braaksma: Een harde werker die zelden thuis was. Jan Rinke (1863-1922), illustrator van Pietje Bell. Yn: Boekenpost 16, 2008, nr. 98, s. 8–10.
  • P. M. J. Jacobs: Beeldend Nederland : biografisch handboek. Stichting Studiecentrum voor beeldende kunst, Tilburg 1993, ISBN 90-801063-1-3, bân 5, s. 120.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje
  • Francien Braaksma: Jan Rinke yn: Lexicon van de jeugdliteratuur