Jan Thomassen à Thuessink van der Hoop

Abraham Nicolaas Jan Thomassen à Thuessink van der Hoop (Arnhim, 9 maart 1893De Haach, 2 febrewaris 1969), bekend as Jan van der Hoop, wie in Nederlânsk KLM-fleander, geograaf, etnograaf en histoarikus.

Jan van der Hoop yn 1925

A.N.J. Thomassen à Thuessink van der Hoop, in telch út it laach Thomassen à Thuessink van der Hoop, waard berne as soan fan de antyrevolúsjonêre politikus Gijsbert Hendrik Thomassen à Thuessink van der Hoop (1847-1894), dy't weirekke doe't er ien jier wie, en jkfr. Sara Maria Johanna van de Poll (1864-1942).

 
Thomassen à Thussink (rjochts) en George Koppen

Hy waard fleander by de Loftfeartôfdieling Soesterberg en kaam yn 1922 yn tsjinst fan de KLM. Hy fleach yn 1924, mei earste luitenant-fleander Hendrik van Weerden Poelman en boardwurktúchkundige Pieter van den Broeke, mei in Fokker F.VII H-NACC fan Schiphol nei Batavia. Dy earste flecht nei Nederlânsk-Ynje, dy't fan 1 oktober oant 24 novimber 1924 duorre, makke him lanlik ferneamd. Hy waard Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau en krige de Earemedalje yn sulver foar Voortvarendheid en Vernuft fan de Hûsoarder fan Oranje. Der is yn Grins, De Bosk en Beverwijk in Van der Hoopstraat nei him ferneamd en syn ôfbyld stie yn 1928 op in loftpostsegel fan 75 sinten.

Yn 1925 publisearre er in boek oer syn flecht.[1] Itselde jier gie er by de KLM wie om geografy te studearjen oan de Amsterdamske VU en letter yn Utert, mei de byfakken etnografy en prehistoarje. Yn 1930 slagge er cum laude. Dêrnei die er ûndersyk yn Nederlânsk-Ynje en yn 1932 promovearre er yn Utert mei it proefskrift Megalithische oudheden in Zuid-Sumatra.[2]

Fan 1933-1950 wenne en arbeide Van der Hoop in Batavia as wittenskiplik amtner, histoarysk ûndersiker en konservator fan it Museum Oud-Batavia. As telch út in begoedich skaai hie er genôch oan in beskieden traktemint en dochs riant wenje yn Meester Cornelis, letter yn Menteng. Fanwege it regear die er ûndersyk nei it krekte plak fan it grêf fan Jan Pieterszoon Coen.[3] Hy publisearre tal fan wittenskiplike artikelen[4] en in boek oer Ynjeske siermotiven[5] en wurke mei oan de Geschiedenis van Nederlandsch Indië (5 dielen).[6]

In part fan de Japanske besetting fan Nederlânsk-Ynje siet er yn in ynternearringskamp. Nei de stichting fan de Republyk Yndoneezje yn 1950, festige er him yn De Haach en fan 1954 ôf oan wenne er yn Voorburg. Fêst wurk hie er net mear, mar wol bestjoersfunksjes mei ynfloed, lykas foarsitter fan it Keninklik Ynstitút foar Taal-, Lân- en Folkekunde, dêr't er letter earelid fan waard. Teffens wie er lid fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Door De Lucht Naar Indie. "Met 112 foto's, meerendeels door den schrijver genomen, en 38 kaarten en andere illustraties". Utj. Scheltens & Giltay, Amsterdam, 1925. 344 s.
  2. Megalithic remains in South-Sumatra. Diss. Utert. Utj. Thieme, Sutfen, 1932. Syn promotor wie prof. dr. J.H.F. Kohlbrugge.
  3. Het Graf van Jan Pietersz. Coen. Verslag der Commissie ingesteld bij G.B. 23 juni 1934, no. 4. Utj. Noordhoff-Kolff, Batavia, 1935. 218 s.
  4. Folsleine list yn In memoriam fan A. Bernet Kempers (sjoch keppeling om utens).
  5. Indonesische siermotieven. Ragam-ragam perhiasan Indonesia. Indonesian ornamental design. Utj. Koninklijk Bataviaasch Genootschap van Kunsten en Wetenschappen, Batavia, 1949. 324 s.
  6. F.W. Stapel (red.), A.N.J. Thomassen à Thuessink van der Hoop, N.J. Krom, R.A. Kern: Geschiedenis van Nederlandsch Indië. Utj. Joost van den Vondel, Amsterdam, 1938-1940, 5 dln.