Jan Van Beers (dichter)
Jan Van Beers (Antwerpen, 22 febrewaris 1821 - Antwerpen, 14 novimber 1888) wie in Flaamsk dichter.
Biografy
bewurkje seksjeHy wie in soan fan likeurstoker Jan Bavo en Maria Theresia van Meensel, dochter fan de koster fan it doarpke Houwaart.
Nei de middebare skoalle gie er yn 1833 nei it Lyts-Seminary yn Mechelen. De earste ferzen skreau er yn it Frânsk. Hy waard djip rekke troch Tollens' poëzy en fan Conscience's De leeuw van Vlaanderen. Doe't er yn 1841 fan it seminary ôf, hie er dêr al de namme fan Flaamsk dichter en oanhinger fan it Flaamsk. Itselde jier waard er oansteld oan it Pitzemburgkolleezje yn Mechelen. Yn 1843 moast er dy baan oerjaan fanwege tydlike blinens. Yn 1844 waard er helpboekhâlder yn de stedsbibleteek yn Antwerpen. Stikmannich jierren letter boaske er oan Hendrika Mertens, de dochter fan de haadbibletekaris. Yn 1849 waard er learaar Nederlânsk oan de Ryksnormaalskoalle yn Lier en yn 1860 gie er foar fêst werom as learaar oan it Keninklik Ateneum fan Antwerpen. Yn 1852 waard soan Jan berne, dy't as Jan Van Beers jr. in bekend society-skilder wurde soe.
Van Beers hat it deistich libben, de Flaamske natuer en plattelânslibben, yn ienfâldige, suvere ferzen beskreaun. Syn earste dichtbondel "Jongelingsdromen" ferskynde yn 1853. It wiene gedichten oer ûngelokkige minsken. Van Beers wie populêr yn Nederlân en droech dêr geregelgwei syn gedichten foar.
"Een Nieuwjaarsgedicht voor den arme", yn 1855 mei de titel "Blik door een venster" apart útjûn, ferriedt de ynfloed fan Tollens dy't er bot bewûndere. Yn 1858 ferskynde "Levensbeelden" dê't syn grutte omtinken foar realiteit út bliken docht. Yn 1869 folge "Gevoel en Leven" en yn 1884 ferskynde syn lêste bondel "Rijzende Blaren". Dy waard yn 1885 bekroand mei de Priis fan de Flaamske Mienskip foar Proaza yn België.
Om reden dat er in grut meinimmend sprekker wie, waard er yn 1875 yn die gemeenterie fan Antwerpen keazen. Hy hie dêr in protte ynfloed op it mêd fan ûnderwiis, literatuer en byldzjende keunst. As learaar foardrachtskeunst oan it Flaamsk Konservatoarium, die er sines ta it ûntjaan fan it Nederlânsk toaniel yn Antwerpen. Ek de toandichter Peter Benoit brûke ferskate gedichten fan Van Beers foar syn komposysjes.
Van Beers waard beïerdige op it Schoonselhof yn Antwerpen.
Letterkundige wurken
bewurkje seksje- 1846 Graef Jan van Chimay, eene geschiedenis uit de XVe eeuw
- 1849 Frans de Hakkelaar
- 1851 Bij den dood van Hare Majesteit de Koningin
- 1853 Jongelingsdroomen
- 1854 De Blinde
- 1855 Blik door een Venster
- 1855 Zijn Zwanenzang
- 1856 Lijkkrans voor Tollens
- 1857 Bij de 25e verjaring van 's Konings inhuldiging
- 1858 Levensbeelden
- 1859 De Stoomwagen
- 1859 Martha de Zinnelooze
- 1860 Jacob van Maerlant
- 1869 Gevoel en leven
- 1879 Jan van Beers' gedichten, volksuitgave
- 1883 Een Droom van 't Paradijs
- 1884 Rijzende blaren, Poëzie, met penteekeningen van Jan van Beers zoon,
- 1884 Jan van Beers' gedichten, volksuitgave
- 1885 De oorlog, in de orkestpartituur van Peter Benoit
- 1885 Feestzang bij het openen der Wereld-tentoonstelling
Opfiedkundige wurken
bewurkje seksje- 1852 Nederlandsche spraakleer
- 1864 Handleiding tot het onderricht der Nederlandsche spraakleer
- 1864 Grondregels der Nederlandsche spraakleer
- 1864 Oefeningen op de grondregels der Nederlandsche spraakleer
- 1872 Keur van proza- en dichtstukken, Tweede lees- en leerboek voor de studie van den Nederlandsche stijl
- 1880 Keur van proza- en dichtstukken, Eerste lees- en leerboek voor de studie van den Nederlandsche stijl
- 1876 Het Vlaamsch in het onderwijs. Redevoering uitgesproken in den gemeenteraad van Antwerpen
- 1879 Het hoofdgebrek van ons middelbaar onderwijs
- 1880 Keur van proza- en dichtstukken. Eerste lees- en leerboek voor de studie van den Nederlandsche stijl
- 1885 Voorhof der letterkunde. Lees- en leerboek voor lager en middelbaar onderwijs