Jan van Veen (presintator)
Jan van Veen (Foarburch, 26 augustus 1944 - Hilfertsom, 4 febrewaris 2024) wie in Nederlânsk radio-discjockey. Hy krige bekendheid mei it radioprogramma Candlelight, wêryn't er gedichten fan harkers foarlies, ôfwiksele mei romantyske muzyk. Hy presintearre dit programma mei ûnderbrekkingen fan 1967 oant ein 2023.
Jan van Veen (presintator) | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Jan van Veen (1978) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan van Veen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 augustus 1944 | |
berteplak | Foarburch | |
stoarn | 4 febrewaris 2024 | |
stjerplak | Hilfertsom | |
wurkpaad | ||
wurksum as | radio-discjockey, ûndernimmer | |
medium | Radio | |
wurksum by | Radio Veronica, AVRO, NOS, Radio Noordzee, Sky Radio | |
bekend fan | Candlelight | |
jierren aktyf | 1964-2023 |
Libbensrin
bewurkje seksjeVan Veen begûn syn karriêre yn 1964 by seestjoerder Radio Veronica. Hy kaam by Veronica mei tank oan Programmadirekteur Willem van Kooten, dy't him it jier dêrfoar kennen leard hie doe't se tegearre harren militêre tsjinstplicht ferfollen. Jan van Veen begûn by Veronica as ferfanger foar Tineke de Nooij, doe't sy mei swangerskipsferlof wie. Van Veen presintearre programma's as Hits a GoGo en Alle remmen los. Nei it fuortgean fan, fan Kooten yn 1968 by Veronica krige Jan van Ven de rol fan programmadirekteur, en gie er de Top 40 presintearjen. Nei in yntern konflikt ferliet Van Veen de stjoerder yn 1970.
Ut rankune rjochting Veronica wurke Van Veen mei Van Kooten yn 1971 inkelde moannen by Veronica's konkurrint Radio Noordzee, de radiostjoerder fan John de Mol sr.. Dêrnei bedarren se beiden by de publyk omrop, dêr't Van Veen oan de slach gie by de AVRO op Hilfertsom 3. Hy soe dêrnei noch by ferskate oare omroppen en stjoerders as radiopresintator aktyf wêze.
Fan Veens kenmerkjende swiere stim wie faak te hearren yn reklamespots en as kommentaar-stimme. Yn 1978 naam Jan van Veen mei ûnder oaren Patricia Paay en Willem Duyn in Nederlânsktalige ferzje op fan it harkspul "The War of the Worlds".
Candlelight
bewurkje seksjeIt radioprogramma Candlelight, wêryn't hy gedichten fan harkers op hiel eigen wize foarlies, ûntstie yn 1967, doe't Van Veen as ûnderdiel fan it radioprogramma "Alle remmen los" semy-serieus in gedicht foarlies dat troch in harker ynstjoerd wie. Meardere harkers begûnen dêrop gedichten yn te stjoeren, wat derta late dat Veronica in apart programma, Candlelight, yn it libben rôp wêryn't Van Veen in blomlêzing fan it ynstjoerde materiaal de revu passearje litte koe. By Van Veens fetrek by Veronica naam er it konsept mei, en presintearre er, op'e lette jûn it programma "Candlelight", foar de omroppen en stjoerders dêr't er foar wurke Yn 1992 ferhuze it programma nei Sky Radio, de non-stopmuzykstjoerder dêr't it. it iennige programma wie mei in presintator. De lêste útstjoering by Sky Radio wie op 30 jannewaris 2003. Dêrnei wie Candlelight noch ferskate kearen koart yn de eter te beharkjen, tusken maaie en desimber 2018 by de Nederlânske muzykstjoerder 100% NL, fan augustus 2018 ôf in skoft op Radio M Utrecht, yn jannewaris 2019 by Omrop MAX op NPO Radio 5 en tusken febrewaris 2020 en novimber 2023 by EASY 95.5 FM.
Earst makke Van Veen it programma live. Dit feroare yn de perioade dat er wurke foar Sky Radio. By Sky Radio hie Van Veen net langer ynfloed op de muzyk dy't by de gedichten draaid waard; dizze waard útkeazen troch de koördinator fan de stjoerder. Oan de iene kant fûn er it in gemis om net langer sels de bypassende platen selektearje te kinnen, mar oan de oare kant bea dat de nije mooglikheid om it programma foarôf op te nimmen, en eventuele flaters by it ynsprekken te ferbetterjen.
Tekstylhannel
bewurkje seksjeEin jierren 60 gie Van Veen njonken syn wurk as discjockey op de radio. By it tekstylymperium fan syn skoanfamylje, yn in liedingjaande funksje oan de slach. Nei syn fuortgean by Veronica yn 1970 bleau er aktyf yn de tekstylhannel, sawol mei de bruorren Verweij as selsstannich. Syn bedriuw "Candlelight Beenmode" levere panty's en hoazzen. Om 1999 hinne ferkocht Van Veen de kleanline, en yn 2003 ferkocht hy ek de rest fan syn tekstylbedriuw, omdat it hieltyd dreger waard om dêr noch jild yn te fertsjinjen. Jan van Veen ferstoar op 4 febrewaris 2024, yn 'e âldens fan 79 jier, oan de gefolgen fan ALS.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|