Jan van der Kooi
Jan van der Kooi (Grins, 16 jannewaris 1957) is in Frysk figuratyf skilder en tekener út Burgum. Troch reizen nei Itaalje en oare lannen docht er in soad ynspiraasje op. Guonts beskôgje him as ien fan de bêste, libjende Nederlânske keunstners.[1][2][3][4][5]
Libben en wurk
bewurkje seksjeVan der Kooi waard grutbrocht yn Bedum. Nei de middelbere skoalle sette er yn 1975 út ein mei in learareoplieding oan Ubbo Emmius yn Ljouwert. Dêrnei studearre er oan de Akademy Minerva yn Grins.
De earste wurken fan Van der Kooi wurde wol ta it 'Noardlik realisme' rekkene. As er in nij, ljochter atelier krijt feroaret syn styl ek. Neist de bekende formele komposysjes makket Van der Kooi nei mids jierren tachtich hieltiten faker skilderijen dêr't de foarwerpen minder sintraal steane. Romte en ljocht binne wichtiger as de foarwerpen sels. Hy skilderet letter folle losser en ympresjonistysker. It oerflak fan syn wurken is sichtber bekrast, skuorre en bespatten. De eardere fynskilder brûkt no ek plamuermes en skuormasines. Hy makke letter namme troch syn "flierstillibbens": dampende kopkes kofje fan boppe-ôf besjoen wylst it ljocht fan de glêzen op de flier reflektearret. Ek skildert er kuorkes mei piipkrûd en gleskes wetter op syn flier dy't oerspield wurdt troch sinneljocht. Syn skilderijen binne yn te dielen yn lânskippen, stillibbens en (sels)portretten. Yn syn tekenwurk komme boppedat faak bisten en neakens foar. Mei in pear halen wit er it karakter fan bist en minske oan te jaan.
By it grutte publyk waard Jan bekend troch syn optreden yn it NOS-sjoernaal. Letter ek nochris yn it bernetelefyzjeprogramma Het Klokhuis en in petear mei him yn it VPRO-programma De Avonden. In tige grut publyk berikte Van der Kooi ek mei syn tiger- en liuwetekeningen. Syn stúdzje en ûndersyk nei dizze bisten, ynklusyf it snijen yn kadavers oan de universiteit fan Utert en it fysyk yn de koaien tusken de bisten stean te tekenjen liede yn 2008 noch wykliks ta emailtsjes en telefoantsjes.
Nei syn súksesfolle solo-eksposysje yn Museum De Bûtenpleats yn Eelde (2002) luts Jan van der Kooi him werom yn de stilte en ôfsûndering fan syn atelier. Doe't er fyftich jier waard bea Museum De Bûtenpleats him opnij in solo-tentoanstelling oan. Yn 2008 kaam er yn it nijs doe't syn skilderij 'Simmer 2006' op transport nei Súd-Frankryk samar ferdwûn wie.
Van der Kooi reiszget alle jierren nei it bûtenlân; hy besocht ûnder oare Nepal, Perû en it Midden-Easten.[6] Dêrneist giet er geregeldwei nei Toskane en Feneetsje om dêr it sinneljocht te bestudearjen en fêst te lizzen.[7]
Neijier 2012 hongen affysjes mei wurk fan Van der Kooi op treinstasjons yn Nederlân as reklame foar de oersjochtstentoanstelling "Leonardo's leerling" yn it Doartsk Museum.
Utstallings
bewurkje seksje- 2002 Oersichtstentoanstelling yn Museum De Buitenplaats yn Eelde. By dy gelegenheid waard ek it boek "Jan van der Kooi, schilder, tekenaar" presintearre.[8]
- 2005 Eksposysje by Laurentius yn Middelburch. Presintaasje bistesketsboek "Bestiarium".[9]
- 2007 Londen: The Royal Society of Portrait Painters.[10] & Oersichtstentoanstelling yn Museum De Buitenplaats yn Eelde.
- 2009 Antwerpen: "De Vier Groten uit Het Noorden" – Matthijs Röling, Pieter Pander, Pieter Knorr en Jan van der Kooi.[11][12]
- 2012 Eksposysje "Leonardo’s leerling" yn it Doardsk Museum. Teffens waard doe it boek "Jan van der Kooi, tekenaar / schilder" presintearre.[13][14][15][16][17] Yn it ramt fa dy útstalling binne affysjes fan tigertekeningen op grutte treinstasjons yn Nederlân ophong.
- 2013 Eksposysje "Een Fries in Italië" yn Museum Martena yn Frjentsjer.[18][19]
- 2014 "Zonlicht!" eksposysje yn museum Arti Legi yn Gouda, iepene troch Paul van Vliet.[20]
- 2017 Dûbeleksposysje "Meisterzeichner - Weltentdecker" (Mastertekener - wrâldreizger) yn Rheine, Dútslân.[21][22]
- 2019 "Das Wesen der Landschaft", útstalling yn Museum Draiflessen, Mettingen.
Bibliografy
bewurkje seksje- Resint wurk -
- Jan van der Kooi, schilder tekenaar - 2002, Utjouwerij Art Revisited. ISBN 90-72736-14-1
- Bestiarium - 2005, útjouwerij Art Revisited. ISBN 90-72736-42-7
- 2007 - Binnen handbereik. Samenstelling Peter de Jong en Jan van der Kooi, met een inleiding door Pauline Broekema. Uitgeverij Art Revisited, Mearum. ISBN 978-90-72736-57-4
- 2012 - Jan van der Kooi, tekenaar / schilder. Frits Duparc & Nicolaas Matsier. Uitgeverij Thoth, Bussum. ISBN 978-90-6868-608-1[23]
- 2014 - Zonlicht. Tema-útjefte nei oanlieding fan de útstalling by museum Arti Legi yn Gouda. ISBN 978-90-821617-3-1