Jancke fan Osinga

(Trochferwiisd fan Janke Osinga)

Jancke fan Osinga wie de soan fan Searp fan Osinga en Jel Hermana, waard op 22 novimber 1580 as grytman fan Wûnseradiel oansteld, en krige syn kommisje út namme fan de kening fan Spanje, wylst de gritenij fakant wie troch moedwillige ôfstân fan Goslick fan Herema.

Grêfsark yn de tsjerke fan Skettens fan Janke Osinga en Tjemk van Humalda
Print út: S.n. Friesche oudheden. Afbeeldingen van merkwaardige voorwerpen van wetenschap en kunst gevonden in de archieven, kerken, kasteelen, terpen enz. van Friesland. Ljouwert: Kuipers, H., 1875.

Yn 1579 hearde hy ta de deputearren, waans beneaming troch de steedhâlder Rennenberg goedkard waard. Hy hearde ta de ûndertekeners fan it ferbûn fan stêden en dielen, nei it ôfskodzjen fan it Spaanske jok en siet yn dy ûnrêstige tiden yn ferskate steatskommisjes. Hy boaske earst mei Ebel, widdo fan Popke Wijbes Fokkema, dy't him in soan skonk, doe mei Tjemk Mada (fan Humalda), dochter fan Frans Aebinga fan Blya, dy't de namme fan Humalda by syn eigen oannaam, en Anna van Feitsma, dêr't hy trije bern by hie. Treddens boaske er Ted Haersma sûnder bern. Syn soan Sybrand fan Osinga waard letter dykgraaf en grytman.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wapenboek Aebinga, Gen. 6;
  • Sjarterboek D. IV bl. 221;
  • Winsemii Hist. side 3, 34, 662;
  • van Sminia, Naamlijst van Grietmmannen side 270
  • Van der Aa