Jannes Kleiker (Grins, 22 novimber 1957) is in keunstskilder en byldhouwer dy't wurket en wennet yn Drachten. Hy hat in atelier yn it Sluisfabryk.

Jannes Kleiker
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 22 novimber 1957
berteplak Grins
wurkpaad
wurksum as Skilder, byldhouwer, dosint
streaming Noardlike Realisten
medium Oaljeferve
jierren aktyf 1984-no
offisjele webside
Webstee Jannes Kleiker
Selsportret
La Nascita di Venere ('De berte fan Fenus')
Wurk út 2017

Hy studearre oan de Akademy Minerva te Grins (1978-1984, rjochting frij tekenjen en skiderjen) dêr't er ûnder oaren les krige fan Matthijs Röling en Wout Muller. Hy kin rekkene wurde ta de Noardlike Realisten en wie in skoft lid fan keunstnersgroep Prisma '88. Letter waard er ien fan de QuasiRealisten, in yn 2012 oprjochte groep keunstners út de trije noardlike provinsjes.

Kleiker hat fan begjin ôf figuratyf skildere, fral froulike neakens, meast yn ferstilde pose. Kleiker skilderet meast nei de realiteit, mar set syn figueren, fan om 1997 ôf, ek yn oan de fantasij ûntspruten, eksoatyske omkriten, sa as Yndiaask oandwaande lânskippen, meditterane rotskusten (La Nascita di Venere-syklus), en de klassike âldheid (wat tinken docht oan guon wurken fan Laurens Alma Tadema, dy't tige bewûndere wurdt troch Kleiker). Bekend binne ek syn 'Grotsyklus' en Heveskessyklus'. It lege tsjerkje fan Heveskes foarme de eftergrûn fan de lêste, mei in soad omtinken foar ljochtfal. Dêrnei folge de 'La Nascita de Venere-syklus', in earbetoan oan al de renêssânseskilders dy't de 'berte fan Fenus' skildere hawwe. Ljocht - clair-obscur - is yn 'e rin fan jierren hieltiid wichtiger wurden yn syn wurk.

Letter besike Kleiker syn wurk in nije rochting te jaan. Dat resultearre ûnder oaren yn it skilderjen fan lânskippen en ek hynders en kij. Yn 2009 presintearre er syn earste byldhouwurk, koppen en torso's yn brûns.

Wurk fan Kleiker is yn it besit fan ING-keunstkolleksje, Museum Smellingerlân, Ryksuniversiteit Grins, partikulieren en Museum Møhlmann, dêr't er geregeldwei mei oare Unôfhinklike Reälisten syn wurk útstald.

Keppeling om utens

bewurkje seksje