Jannes van der Wal

Jannes van der Wal (Driezum, 12 novimber 1956 - Grins, 24 septimber 1996) wie in Frysk dammer.

Jannes van der Wal
sporter
Jannes van der Wal in 1982
Jannes van der Wal in 1982
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 12 novimber 1956
berteplak Driezum
stjerdatum 24 septimber 1996
stjerplak Grins
sportive ynformaasje
sport Damjen
earste titel Ned. kampioen teamwedstriden 1976
ekstra Yn totaal 10 kear Ned. kampioen op ferskate ûnderdielen.
wichtige prestaasjes
WK 1982

WK (achtkamp) 1983, WK 1984

Nei de middelbere skoalle op It Hearrenfean begûn hy mei in stúdzje wiskunde, mar dy soe hy net ôfmeitsje. Hy rjochte him folslein op it damjen.

Van der Wal wie fjouwer kear Nederlânsk kampioen. Yn 1982 waard hy wrâldkampioen yn Brazylje. Hy is ek rekôrhâlder simultaandamjen mei 225 partijen, wêrfan hy 93% wûn.

Jannes van der Wal wie by it grutte publyk net allinne bekend fanwege syn damprestaasjes, mar ek troch meast humoristyske telefyzjeoptredens en syn eksentryk gedrach sawol efter it damboerd as yn it deistich libben. Sa miste hy ea in Nederlânsk kampioenskip omdat er yn 'e trein yn sliep fallen wie en dêrtroch in kearmennich tusken Swol en Grins op en del ried. Ferneamd is syn optreden yn in show fan Mies Bouwman. Neidat hy wrâldkampioen wurden wie, waard hy dêr foar útnûge. Op de fraach hoe âld as hy wie, klapte van der Wal folslein ticht en bleau minutenlang stil. Hy soe letter yn tsientallen telefyzje programma's optrede. Ek naam er de karnavalsplaat "Janus hou toch je kanus" op. In bekend sitaat fan Van der Wal is: Een dammer praat niet veel. Als hij naar de bakker gaat zegt hij bijvoorbeeld: "Eén brood."

Omdat Jannes van der Wal him ergere oan it grutte tal remises by it damjen betocht hy in fariant, it saneamde trochdamjen.

Jannes ferstoar op syn 39ste oan de gefolgen fan leukemy. Op syn stjerbêd regele hy it earste trochdamtoernoai, dat plakfûn fan 11 oant 13 desimber 1996.