Jarfke
Jarfke, Jaarfke of Jarcke van der Muyden (en ek wol Aepko van der Munten, Jarfke ter Münte, Jarfken Wypkes of Jaerfke) soe yn de 16e iuw in sjenner west hawwe yn East-Fryslân en Grinslân. Jarfke wie in East-Fryske boer of fisker, dy't omtrint de 13e iuw yn it noardlike Reiderlân wenne, neffens oare boarnen yn de 15e iuw. Nettsjinsteande in protte ûnwissens oer Jarfkes libben geane Wilhelm Görges, Franz Louis Fuhse en P.G. Bartels út Aurich derfan út dat de sjenner in wier persoan west hat. De Nederlânske sosjolooch en histoarikus Otto S. Knottnerus, dy't yngeand dwaande is mei feiten en fiksje oer de skiednis fan de Doalert, beskôget Jarfke dêrfoaroer as in literêre 16e-iuwske útfining.
Hy soe de skriuwer wêze fan in boek dat yn de 16e iuw yn Emden yn it Nederlânsk ferskynde, Prophecije ende Voorsegghinghe, van eenen geheeten Jarfke[1]. Yn dat boek foarsei er in soad saken yn de skiednis fan East-Fryslân en it Reiderlân. Syn profesyen bleaune riedselich en lieten altyd nije ynterpretaasjes ta. De Profesij fan Jarfke waard hiel wat kearen werprinte. Der binne tusken de 20 en 25 edysjes, dy't benammen yn tiden fan krisis printe binne.
Jarfke syn Prophecije sil ek yn Fryslân ferneamd west hawwe. It folksboekje wie tige populêr oant yn de 19e iuw.
De Biltske boer Dirck Jansz. Cuyck hie om 1600 hinne die profisie van Jascoe yn syn boekerij. Ek yn de 18e iuw waard Jarfke rieplachte. By in proses oer foarsizzings fan de kant fan de Roomsk-Katoliken yn ferbân mei Sint Jansdei (1734) wurdt in ferlern giene druk fan de prophethie ende Voorsegginge van een geheeten J. neamd.
-
Prophecye van Jarfke (Grins 1732)
-
Prophecye fan Jarfke (Grins, om 1790)
Literatuer
bewurkje seksje- P.G. Bartels: Fragmente zur Geschichte des Dollarts. Yn: Jahrbuch der Gesellschaft für bildende Kunst und vaterländische Altertümer zu Emden. 2, ôfl. 1, 1875, S. 1–48; ostfriesischelandschaft.de (PDF) – mei Nederdútske fragminten.
- Willem J. Friedrich: Van Jarfke en Juffertoren. Legendes, ware en verzonnen verhalen uit Westerwolde, het Oldambt en de Veenkoloniën. Bedum 2006.
- O.S. Knottnerus: Tussen twee grijpgrage vogels: Boeren en burgers in de Renaissance. (PDF) Appingedam 2008 (16e Fransemalêzing).
- S.J. van der Molen: Jarfke, Johannes en Tryntjen in Friesland. Yn: Volkskunde. 50, 1954, s. 16–23.
- S.J. van der Molen: Prophecye van Jarfke al in 1597 in Franeker gedrukt. Yn: Leeuwarder Courant fan 19 april 1980.
- Kornelis ter Laan: Prophecye van Jaarfke, opnieuw met historische toelichting en verklarende aantekeningen in 't licht gegeven. Grins 1931.
- Jurjen van der Kooi, Theodor Schuster, Die Frau, die verlorenging. Sagen aus Ostfriesland. Leer 2003, s. 439–446.
- Paul Grebner: Memoriale Voorseggingen ofte Prophecyen … Mitsgaders Verscheyden oude Prophecyen van Jarfke. Grins 1665.
- Gedeon Thurismonsius (pseudonym fan Dirck Mensinck): XII propheterende tongen van Algarazabel, Jarfken Wypkes, Jan Brugman, Onnoosel Trijntjen (…). Keulen 1680, s. 26–50.
- Wilhelm Leverkus: Friesische Weissagung aus dem XVI. Jahrhundert. Yn: Zeitschrift für deutsches Altertum, 3, 1843, s. 457–459.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Jarfke.
|