Intje Jans
Intje Jans wie in âlderling yn de gemeente Eastersee.
Hy soe in foarsizzend fizioen hân hawwe yn desimber 1622 oer oarloch as in straf fan God. Yn 't earstoan waard er blyn en healsidich ferlamme. Dat bettere oer doe't er beloofde om syn fizioen op te skriuwen en ûnder de minsken te bringen.[1] Hy wurdt al yn de Memorien (1625) fan Willem Baudartius beskreaun.
Memorien foarme de basis foar it saneamde Intje Jans-boekje. Yn 1722 belibbe it boekje al syn 41e printinge.[2]
It boekje foarsei allerhanne pleagen yn Fryslân, mar ek yn Noard-Brabân, Flaanderen en Dútslân. Oant yn de Twadde Wrâldkriich waard it werprinte en bekommintariearre en yn dat tiidrek wie it ek populêr yn beskate fermiddens yn Fryslân. De fizioenen binne altyd beskôge as lange termyn foarsizzings, mar Intje syn foarsizzing binne lykwols bûn oan sýn tiid.
Bibliografy
bewurkje seksje- Molen, S.J. van der - De voorspellingen van Intje Janszoon, den Friesen volksprofeet bezien (1952)
- Wiebe Bergsma - Tussen Gideonsbende en publieke kerk: een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland 1580-1650
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Intje Jansz.. |