It eardere pakhús Java oan de Noarderhaven 80 is in monumintaal pân yn de stêd Harns.

It eardere pakhús Java oan de Noarderhaven 80 yn Harns anno 2011

It pakhús mei in dwers skylddak komt fan oarsprong út de santjinde iuw. Om 1800 waard it pân wizige, wêrby't de bôge- en hoekblokken yntakt bleaune. De namme soe ferwize nei de ôfkomst fan it guod dat yn it pakhús opslein lei. Om de jierren santich fan de 20e iuw kaam it gebou yn it besit fan de Hein Buisman Stichting, in organisaasje dy't war docht om it kulturele erfgoed fan de stêd te behâlden. De stichting ferkocht it pân troch oan de gemeente Harns, dy't ek in neistlizzende gebou oan de Noarderhaven 82 yn besit hie. Hoewol't monumintesoarch yn it earstoan net akkoard gie mei de ferbouplannen fan de gemeente, omdat it pakhúskarakter te folle oantaasten wurde soe, waarden beide partijen it úteinlik iens. It pân waard foar 800.000 gûne restaurearre wêrby't de bûtenmuorren yntakt bleaunen. Op de twadde ferdjipping sit in hyslûk, mei dêrboppe in hysbalke. Yn beide gebouwen waarden nei de ferbouwing gemeentlike tsjinsten ûnderbrocht.[1] It eardere pakhús is in ryksmonumint (nûmer 20596) .

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod: Java, Harns
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  • Harnzer Histoaryske Boarnen: Noarderhaven 80

  1. Leeuwarder Courant d.d. 10 maaie 1980: Harlinger ambtenaren fraai onderdak aan de Noorderhaven