Jazzy Jamison (27 desimber 1988), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, dy't berne is yn Albuquerque, yn 'e steat Nij-Meksiko. Hja makke har debút yn in pornografyske film yn 2015. Hoewol't FreeOnes har bertejier as 1997 jout, is it frijwol ûnmooglik dat dat wier is, mei't se dan as minderjierrige yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wurksum wêze soe. Sûnt it skandaal mei Traci Lords hast de ûndergong fan 'e hiele yndustry betsjutte, is men dêr tige skerp op. Nei alle gedachten is hjir dus sprake fan in simpele typflater. Neffens har offisjele opjefte is Jamison 1.73 m lang, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 32C.

Jazzy Jamison
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 desimber 1988
berteplak Albuquerque (Nij-Meksiko)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20152019
offisjele webside
gjint

Keppelings om utens bewurkje seksje