Jean-Baptiste Charcot
Jean-Baptiste Charcot (Neuilly-sur-Seine, 15 july 1867 – op see by Yslân, 16 septimber 1936), wie in Frânsk wittenskipper, dokter en poalûndersiker. Syn heit wie de ferneamde neurolooch Jean-Martin Charcot (1825–1893).
Jean-Baptiste Charcot | ||
Jean-Baptiste Charcot | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jean-Baptiste Charcot | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 15 july 1867 | |
berteplak | Neuilly-sur-Seine | |
stoarn | 16 septimber 1936 | |
stjerplak | Op see by Yslân | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Wittenskipper, Arts | |
aktyf as | Poalûndersiker |
Libben
bewurkje seksjeJean-Baptiste Charcot waard beneamd as lieder fan de Frânske Antarktika Ekspedysje fan 1904 oant 1907; mei it skip de Français waard de westkust fan Grahamlân ferkend. De ekspedysje berikte Adelaide Island yn 1905 en naam fot's fan de Palmerarsjipel en de Loubetkust. Fan 1908 oant 1910 folge in oare ekspedysje, mei it skip Pourquoi-Pas, dy't de See fan Bellingshausen en de See fan Amundsen ferkende en Loubetlân, Margueritebaai en Charcoteilân ûntduts, dat lêste waard neamd nei syn heit, Jean-Martin Charcot.[1]
Letter ferkende Jean-Baptiste Charcot Rockall yn 1921 en East-Grienlân en Svalbard fan 1925 oant 1936. Hy stoar yn 1936 doe't de Pourquoi-Pas? in swier waar fergie foar de kust fan Yslân. Ta oantins fan Charcot waard yn 1936 in monumint oprjochte yn Reykjavík, fan byldhouwer Einar Jónsson en noch ien fan Ríkarður Jónsson yn 1952.
-
Begraffenis fan Charcot en syn malju foar de Notre Dame fan Parys, 1936
-
Monumint ta oantins fan Charcot. Ittoqqortoormiit, Grienlân
-
De Pourquoi-Pas?, it skip fan Charcot
-
Reis fan de Pourquoi-Pas? yn 1908-1910
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|