Jean-Joseph Sanfourche
Jean-Joseph Sanfourche, ornaris bekend as Sanfourche, wie in Frânske keunstskilder, dichter, ûntwerper en byldhouwer, berne op 25 juny 1929 yn Bordeaux, en ferstoarn op 13 maart 2010 yn Saint-Léonard-de-Noblat. Hy wie de soan fan Arthur Sanfourche, in aktivist fan it Frânske Ferset, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn de finzenis omkaam.
Jean-Joseph Sanfourche | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 25 juny 1929 | |
berteplak | Bordeaux | |
stoarn | 13 maart 2010 (80 jier) | |
stjerplak | Saint-Léonard-de-Noblat | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder, ûntwerper, byldhouwer | |
streaming | Art brut |
Hy beoefene Art brut en wie de freon fan Gaston Chaissac, Jean Dubuffet, en Robert Doisneau, dêrmei't er ek korrespondinsje ûnderhâlde.
Biografy
bewurkje seksjeJean-Joseph wenne oant 1932 yn Talence. Dêrnei waard syn heit Arthur Sanfourche, dy't testpiloat en meganisien wie op de fleanbasis fan Merignac, oerpleatst nei Rochefort yn Charente-Maritime, en dêrnei nei fleanbasis 274 Limoges-Romanet, dêr't er de meganisien fan de loftfeartpionier Maryse Bastié waard. Yn 1940 kaam Sanfourche foar it earst mei syn âlden oan yn Limousin.
Yn 1942 waard hy mei syn famylje oppakt troch de Gestapo. Syn heit, dy't lid wie fan it Frânske ferset, waard yn 1943 fusillearre. Hy en syn mem waarden frijlitten en nei Limoges ta brocht. De adolessint, dy't ûnder fâdij pleatst wie, studearre dêrnei boekhâlden. Oant it ferstjerren fan syn mem yn 1960 wenne Sanfourche mei har yn de rue Montplaisir yn Limoges.
Yn de jierren krekt nei de oarloch gie er om te ûntkommen nei Auvers-sur-Oise, yn de spoaren fan Vincent van Gogh, of nei de omkriten fan de klinyk yn Ivry-sur-Seine dêr't Antonin Artaud opnaam wie. Syn wurk (boekhâlder, bedriuwslieder) brocht him nei Brive-la-Gaillarde, nei Algiers en nei Parys. Yn de Périgord wenne er earst yn Belvès en dêrnei yn Bourdeilles. Hy brocht tweintich jier yn Parys troch, dêr't er in tal jierren wurksum wie by it ministearje fan Bûtenlânske Saken. Dêr waard er belêstige mei it ûnderbringen fan Afrikaanske beursstudinten op Frânske universiteiten. Dêrnei wenne er sa'n tsien jier yn Solignac en dêrnei, fan 1975 ôf, yn Saint-Léonard-de-Noblat.
De lêste tsien jier fan syn libben wie Sanfourche nau belutsen by de Mienskip fan de Silichsprekkenden, mar wie er ek lid fan de bruorskip fan Saint-Léonard, dy't as missy hat de hillige Leonardus te earjen.
Yn 1992 waard er troch de Frânske presidint François Mitterrand beneamd ta ridder yn it Legioen fan Ear. Jean-Joseph Sanfourch stoar yn 2010 oan de gefolgen fan alfleisklierkanker yn it sikehûs fan Saint-Léonard-de-Noblat. Hy waard by syn âlden beïerdige op it begraafplak Louyat yn Limoges.
Wurk
bewurkje seksjeSanfourche hat skilderijen, byldhouwurken, brânskildere ruten en totempeallen makke. Yn syn wurken binne de glimkjend lytse mantsjes mei grutte eagen te sjen dy't er fan Gaston Chaissac oernaam. In opfallend skaaimerk fan syn skilderijen is dat er syn hantekening yn syn keunst ferwurke hat.
Hy hie ek in grut ferlet fan erkenning. Oan de ein fan syn libben brûkte er withoefolle manieren om opmurken te wurden: sa betocht er dat syn heit yn de Earste Wrâldoarloch fusillearre wêze soe.
Tusken 1980 en 2000 krige Sanfourche in grutter publyk. Hy die mei oan gâns ynternasjonale útstallings: yn 1990 yn New York (Neuve Invention, in reizgjende foarstelling, de namme jûn oan de kolleksje fan wurken dy't ta de Art brut hearre), dêrnei by Jacques Karamanoukian, yn dy syn galery yn Michigan, yn Castellanza, flak by Milaan, by Guy Joussement, by de Impatients yn Montréc, en sels yn Súd-Koreä, Japan, Ruslân, de Feriene Steaten en Quebec. Fan 1984 ôf stelde de skilder en galeryhâlder Enzo Pagani syn wurk geregeld tentoan. Yn Frankryk hat it Musée de la Création franche yn Bègles, dat laat wurdt troch Gérard Sendrey, in soad fan syn wurken (brânskilderingen, beskildere stiennen, skilderijen, ensfh.) yn de kolleksje.
Bibliografy
bewurkje seksje- De belles rencontres, foto's fan Hervé Desvaux, teksten fan Jean-Joseph Sanfourche, omslach fan J.-J. Sanfourche, Éditions Arts en lumière.
- Jean-Luc Thuillier, Jean-Joseph Sanfourche: de l'homme à l'oeuvre, Coulounieix, Thuillier, 2012, ISBN 978-2-9534265-6-4.
Filmografy
bewurkje seksje- Christophe Gatineau, Ik, Sanfourche, 2005. 53 min. De earste langere dokumintêre wijd oan Jean-Joseph Sanfourche, presintearre yn in foarpremjêre by de Unesco by de feestlike iepening fan de mondiale wike foar it Underwiis foar elkenien. Utstjoerd op KTO en op DVD útbrocht.
- Francis Magnenot, Sanfourche, 1000 gesichten, 2004. 45 min. - By it retrospektyf dat oan him wijd waard yn de galery des Hospices yn Limoges yn 2003, joech Sanfourche ynsjoch yn syn privee- en artistike libben. De film waard nominearre yn 2004 op it ynternasjonale Filmfestival fan de UNESCO (FIFAP) en is útbrocht op DVD mei ekstra materiaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |