Jehan Baptist fan Taxis

Jehan(es) Baptist fan Taxis (of: Juan Baptiste de Tassis; 1522 - Bonn, 20 april 1588) wie in Spaansk legeroanfierder fan Dútsk komôf yn de Tachtichjierrige Kriich.

Fan links nei rjochts: Johan Baptiste fan Taxis, in Hear fan Ensse, Tiete fan Cammingha, Jarich fan Liauckema, Jacob fan Claerhout en in Hear fan Boisot.

Hy kaam yn 1567 mei Alva nei de Nederlannen en stried benammen ûnder Caspar de Robles en Francisco Ferdugo. Ferovere Breukelen en yn 1582 Stienwyk, en makke strooptochten troch Fryslân. De oerwinning yn de Slach by Boksum (1586) stiet op syn namme. Fierders wie er oanfierder fan de Spaanske troepen yn de Slach by Amerongen (1585), de Slach by Warnsveld (1586) en it Belis fan Bonn, dêr't er yn sneuvele.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: