Francisco Verdugo

(Trochferwiisd fan Francisco Ferdugo)

Francisco Verdugo (Talavera de la Reina, 1536 - Lúksemboarch-stêd, 22 septimber 1595 [1]) wie fan 1581 oant 1594 de lêste Spaanske steedhâlder yn de goaen Fryslân, Grinslân, Drinte, Lingen en Oerisel.

Fransisko Verdugo

Hy wie de opfolger fan de greve fan Rennenberg, nei't dy stoarn wie. Syn bewâld waard troch de opstannelingen lykwols net erkend, dat der wiene twa steedhâlders neist inoar. Oan de kant fan de Republyk wienen dat Willem fan Oranje en syn luitenant en opfolger Willem Loadewyk fan Nassau.

Earder yn de Tachtichjierrige Oarloch siet Verdugo yn it Spaanske leger. Sa waard er as kolonel fan de Spaanske befelhawwer Bossu nei de hartoch fan Alva stjoerd om him te ferheljen fan de troch de Spanjerts dramatysk ferlerne Slach op de Sudersee mei de wettergeuzen (oktober 1573).

Under Verdugo syn bewâld ferlear Spanje grutte parten fan de Nederlannen oan de Republyk, dy't laat fan Maurits fan Oranje en Willem Loadewyk mei in offensyf út einset wie. Willem Loadewyk en Verdugo fierden yn de provinsjes Grinslân en Fryslân in skânsekriich út, dy't yn de rin fan de tiid hieltyd mear yn it foardiel fan Willem Loadewyk betearde. Sa hie Willem Loadewyk yn 1590 de Slach om Sâltkamp wûn, wêrtroch't Grins, Verdugo's wichtichste stêd yn it noarden, net mear befoarriede wurde koe oer it Reitdjip. Maurits ferôvere yn 1591 Delfsyl. Sadwaande rekke de wichtichste oanfierhaven en de ferbining tusken Grins en Emden yn Steatske hannen. Verdugo hie noch wol foarkomme kinnen dat Maurits yn 't plak fan Delfsyl Grins belegerje soe, troch justjes earder as Maurits by de stêd oan te kommen en dêr strategyske plakken yn te nimmen.

Yn 1992 foelen de stêden Stienwyk en Coevorden yn Steatske hannen, wêrtroch't Grins ôfsletten waard fan Twinte. Verdugo hie noch besocht om Coevorden te ûntsetten, mar dat slagge him net, mei omdat dy stêd goede oanfierrûtes hie. Hy ferlear 1593 it easten fan Grinslân, wêrtroch't de stêd ek oer lân fan Dútslân ôfsletten rekke. Ier yn 1594 moast Verdugo it belis fan Coevorden oerjaan, meidat Maurits der mei in grut leger oankaam en sadwaande de stêd befrijde. Verdugo stjoerde in part fan syn troepen noch nei Grins om de fal fan de stêd foar te kommen. Dat joech lykwols net folle en hy ferlear ek dy stêd oan de Steatske partij. Sa behâlde er allinnich noch parten fan Twinte, dy't de Spanjerts úteinlik yn 1597 ferlearen oan de Republyk. Nei de Reduksje fan Grins ferliet Verdugo de Nederlannen om mei te dwaan oan de kriich tsjin Frankryk.[1]

Don Fransisko troude yn 1578 mei Dorothea fan Mansfeld (†1595), dochter fan Peter Ernst I fan Mansfeld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Encarta-encyclopedie Winkler Prins (1993-2002) s.v. Verdugo, Francisco. Microsoft Corporation/Het Spectrum.