Peter Ernst I fan Mansfeld
Peter Ernst I greve fan Mansfeld-Vorderort (Heldrungen, 20 july 1517 – Lúksemboarch, 22 maaie 1604) wie in Súd-Nederlânsk steatsman en befelhawwer. Hy wie lânfâd fan de Nederlannen fan 1592 oant 1594.
Biografy
bewurkje seksjeMansfeld, de tretjinde soan fan Ernst II fan Mansfeld-Vorderort, wie as jongkeardel yn tsjinst fan keizer Karel V nei de Nederlannen kaam, en yn 1535 beselskippe er de keizer op syn ekspedyske nei Tunis, wêrnei't de keizer him yn 1545 as gûverneur fan Lúksemboarch beneamde.
Yn 1562 sleat Mansfeld him ynearsten oan by it protest fan ûntevreden ealju tsjin it belied fan Filips II, mar nei it fuortgean yn 1564 fan de wichtige biskop fan Mechelen en polityk adviseur Granvelle luts er him skyskoarjend tebek út de opposysje en fersmier er úteinlik it Ferbûn fan de Eallju. Nei de Byldestoarm waard er sels ie fan de wichtichste riejouwers fan lânfâdesse Margareta fan Parma en ûnderskiede er him troch syn berettens.
Under it skrikbewâld fan Alva wie er lykwols it fermoedsoenjen it neist er rekke dêrtroch in bytsje op de eftergrûn. Yn 1575 naam lânfâd Requesens him op yn de Ried fan Steat. Hy waard lykwols fertocht fan sympaty foar de opstannelingen en waard 4 septimber 1576 mei noch oare Riedsleden fêstset oant maart 1577.
Dêrnei die er aktyf mei oan de kriichsdieden fan Don Juan en Aleksander Farnese. Doe't Farnese him 1590 tarette op de kampanje nei Frankryk, fertroude hy Mansfeld it feitlik bestjoer ad interim ta. Nei de dea fan Farnese (desimber 1592) waard Mansfeld sels lânfâd en blea er yn tsjinst oant de komst fan aartshartoch Ernst fan Eastenryk (1594). Yn1595 gie er út de polityk en sette him nei wenjen op syn bûtenpleats yn Lúksemboarch dêr't er yn 1604 ek ferstoar.
Mansfeld liet yn de Lúksemboarchske foarstêd Clausen, yn de delling fan de Alzette, in prachtich paleis mei park oanlizze, "La Fontaine", dêr't sa'n fjirtich jier oan boud waard. Der is no noch mar in bytsje fan oer.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peter Ernst von Mansfeld fan Wikimedia Commons. |