Jehan II fan Aragon
Jehan II fan Aragon (Spaansk: Juan II, Katalaansk: Joan II, Aragoneesk: Chuan II en Baskysk: Joanes II; berne op 29 juny 1398, ferstoarn op 20 jannewaris 1479), ek Jehan de Grutte (el Gran) of Jehan de Unleauwige (el Sense Fe), wie fan 1458 oant syn dea yn 1479 kening fan Aragón. As man fan keninginne Blanka I wie Jehan fan 1425 oant 1479 ek kening fan Navarra. Fan 1458 oan 1468 wied er boppedat kening fan Sisylje.
Jehan II fan Aragon | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
bynamme | Jehan de Grutte; Jehan de Unleauwige | |
bertedatum | 29 juny 1398 | |
berteplak | Medina del Campo | |
stjerdatum | 20 jannewaris 1479 | |
stjerplak | Barcelona | |
religy | Roomsk-katolyk | |
Kening fan Aragon, Valencia, Majorka, Sardynje en greve fan Barcelona | ||
amtsperioade | 1458-1479 | |
Kening fan Sisylje | ||
amtsperioade | 1458-1468 | |
Kening fan Napels | ||
amtsperioade | 1425-1479 | |
Kening fan Navarra | ||
amtsperioade | 1425-1479 | |
foargonger | Alfûns V fan Aragon | |
opfolger | Ferdiand II fan Aragon |
Biografy
bewurkje seksjeJehan waard berne yn Medina del Campo (yn de Kroan fan Kastylje) as de soan fan kening Ferdinand I fan Aragón en Eleonora Urraca fan Kastylje, dy't fanwegen har besit de bynamme la rica hembra (it rike wyfke) hie. Yn syn jongerein wie Jehan ien fan de Aragón-prinsen, dy't meidie oan de strideraasjes yn Kastylje ûnder it bewâld fan Jehan II fan Kastylje. Oant likernôch healwei syn libben wied er ek luitenant-generaal yn Aragón foar syn broer en opfolger Alfûns V, dy't in soad yn Itaalje residearre. Op syn âlde dei hie Jehan it drok mei de oanduorjende konflikten mei syn Aragoneeske en Katalaanske ûnderdanen, mei Loadewyk XI fan Frankryk en de tarieding fan it paad foar it houlik fan syn soan Ferdinand mei Isabella I fan Kastylje, dat de feriening fan Aragón en Kastylje ta stân brocht en late ta de stifting fan it keninkryk Spanje. Dy swierrichheden mei syn eigen ûnderdanen hiene in soad te meitsjen mei de tragyske skelen yn de eigen famylje.
Jehan wie nammentlik ynearsten mei Blanka I fan Navarra troud. Troch dat houlik waard er kening fan Navarra en nei har ferstjerren yn 1441 bleau dat syn ryk oant syn dea. Hja hiene teagearre mar ien soan, Karel, dy't as erfgenaam fan Navarra de titel prins fan Viana droech. Al gau waard Jehan oergeunstich op syn soan en nei syn twadde houlik mei Jehanne Enríquez gie dy oergeunst ûnder ynfloed fan dy twadde frou op suvere haat oer. Jehan besocht doe syn soan de grûnwettelike rjochten om as luitenant-generaal op te treden as syn heit der net wie te ûntnaderjen, mar de Aragonezen keazen yn dy saak de kant fan syn soan en de kening koe net oars as fan de plannen om syn twadde frou as luitenant-generaal te beneamen ôf te sjen.
Der folge in lange boargerkriich yn Navarra mei wikseljend resultaat, dy't pas einige mei de dea fan de prins fan Viana yn 1461. Mooglik waard er troch syn eigen heit fergiftige. De Katalanen, dy't de saak fan de prins fan Viana stipen en sels ek klachten hiene, sochten doe stipe by bûtenlânske pretendinten en it lêst stik fan syn libben stie yn teken fan de striid tsjin dy opfolgers. Hy moast ôfstân dwaan fan Roussillon, syn besit yn it noardeasten fan de Pyreneeën troch it te ferpânen oan kening Loadewyk XI fan Frankryk.
Doe't er op leeftyd wie krige Jehan grize staar, mar syn joadske arts Abiathar Crescas wist him mei in operaasje better te meitsjen. Oan de Katalaanske rebelly kaam yn 1472 in ein, mar oant syn dea yn 1479 moast er fjochtsje tsjin de Frânske kening, weryn't er in soad tsjinslach meimakke.
Jehan II waard troch Ferdinand opfolge, syn soan út syn twadde houlik, dy't doe al troud wie mei Isabella I fan Kastylje. Syn dea en de opfolging troch Ferdinand betsjutte it begjin fan de ferieniging fan de Spaanske lannen ûnder ien keninklik hûs.
Houlik en bern
bewurkje seksjeUt it earste houlik mei Blanka fan Navarra hie Jehan de folgjende bern:
- Karel, prins fan Viana (1421–1461).
- Jehanne (1423–22 augustus 1425).
- Blanka II fan Navarra (1424–1464). Troude mei Hindrik IV fan Kastylje.
- Eleanore fan Navarre (1426-1479).
Ut it houlik mei syn twadde frou Jehanne Enríquez hied er de folgjende bern:
- Ferdinand II fan Aragón (1452-1516). Troude mei Isabella I fan Kastylje.
- Jehanne fan Aragón (1455–1517). Troude mei Ferdinand I fan Napels.
Bûten it houlik berne bern:
- Alfûns fan Aragón en Escobar (1417-1495), hartoch fan Villahermosa.
- Jehan fan Aragón (1440–1475), aartsbiskop fan Zaragoza.
- Filips fan Carrayos del Radona.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|