Jehannes de Dopertsjerke (Jeruzalim)
De Jehannes de Dopertsjerke is in lyts tsjerkegebou yn de kristlike wyk fan de âlde stêd yn Jeruzalim, Israel. De stifting fan de tsjerke giet lykwols werom op de fyfte iuw en dêrmei heart de Jehannes de Dopertsjerke ta de âldste tsjerken fan Jeruzalim. De tsjerke wurdt al iuwenlang beheard troch muontsen fan it oanbuorjende gryksk-otterdokske kleaster. Alhoewol't de tsjerke in opfallende sulveren koepel hat, is de tagong fanôf de Christian Quarter Road nei de tsjerke dreech te finen.
Jehannes de Dopertsjerke | ||
bouwurk | ||
De tsjerke mei lofts de sellen foar de muontsen | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Jeruzalim | |
adres | 113 Christian Quarter Road | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 11e iuw |
Skiednis
bewurkje seksjeDe nei it hillige lân ferballe frou fan de keizer Teodosius II, dy't fan 408 oant 450 oer it East-Romeinske Ryk reagearre, Aelia Eudocia, stifte oan it begjin fan de 5e iuw meardere tsjerken yn Jeruzalim. Dêrûnder wie ek de oan Jehannes de Doper wijde tsjerke. Dy tsjerkewaard yn it jier 614 ferneatige troch de Perzen, mar troch de patriarch fan Aleksandrje wer opboud.
Yn 1170 lieten de krúsridders oer de byzantynske tsjerke de tsjintwurdige tsjerke bouwe. De foargonger waard ûnderdiel fan it yn 1073 troch súditaljaanske keaplu stifte pylgershospitium. It hospitaal lei noardlike fan de tsjerke, yn de Muristan. Under it belis fan Jeruzalim yn 1099 waarden yn de tsjerke de ferwûne krúsridders fersoarge. Krúsridders, dy't yn de Jehannestsjerke troch de fersoarging better woarn wiene, rjochten letter út tankberens de Oarde fan Hospitaalridders fan Jehannes op. Dy oarder ûntwikkele him letter ta de Johanniter Oarder, de militêre oarder dy't in grutte rol spylje soe by it ferdigenjen fan it Hillige Lân. Nei de fal fan Jeruzalim yn 1187 ferhûze it hospitaal nei Acre en nei de fal fan Acre yn 1291 nei Syprus en Rodos.
Iuwenlang waard de byzantynske tsjerke net mear brûkt en wied er folle mei pún. By it leechheljen fan de romte yn de 19e iuw waard njonken oare fynsten yn it metselwurk fan it alter in prachtich reliquarium ûntdutsen. De tsjerke wurdt brûkt troch muontsen fan de Gryksk-Otterdokske Tsjerke. It ynterieur is ryk fersierd en hat in grien-fergulde ikonostase. Under de sulveren koepel is it symboal fan de Hillige Geast te sjen. Fierder binne der yn it ûnderste diel fan de koepel acht brânskildere ramen ynbrocht.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in ienfâldige gevel mei foar in diel noch romeinsk boumaterjaal, trije apsissen en in lange narteks. It nivo fan de tsjerke leit twa meter ûnder it tsjintwurdige nivo fan de strjitte; de krypte (de byzantynske tsjerke) noch trije meter djipper. De krypte is allinne fan bûten yn te gean. Oan de muorre hinget in ôfbyld fan de stifter keizerin Eudocia, dy't fanwegen har grutte tal tsjerkestiftings ek faak de twadde Sint-Helena neamd wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|