Jehannes de Dopertsjerke (Tver)

De Jehannes de Dopertsjerke (Russysk: Иоанно-Предтеченская церковь) is in otterdoks tsjerkegebou fan it bisdom Tver yn 'e Russyske stêd Tver.

Jehannes de Dopertsjerke

Иоанно-Предтеченская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tver
plak Tver
koördinaten 56° 51' N 35° 52' E
Arsjitektuer
arsjitekt Ivan Fedorovitsj Lvov
boujier 1784-1834
boustyl Klassisisme
monumintale status Regionaal monumint
monumintnûmer 691410190290005
Kaart
Jehannes de Dopertsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Jehannes de Dopertsjerke

De tsjerke waard tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw en oan it begjin fan 'e 19e iuw boud yn 'e foarm fan it iere klassisisme.

Fan 1921 oant 1928 tsjinne Nikolai Pavlinov as diaken yn 'e parochy fan 'e tsjerke. Pavlinov waard troch de bolsjewiken fermoarde en yn 2001 hillich ferklearre.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1930 sletten en dêrnei brûkt as pakhûs en atelier. Yn 'e jierren 1975-1978 wie der in restauraasje. Eartiids lei der in begraafplak by de tsjerke, dat nei de Oktoberrevolúsje as stoart brûkt waard foar boupún.

De tsjerke waard yn 1997 foar in diel oerdroegen oan de otterdokse mienskip. Nei in restauraasje fine der yn 'e tsjerke sûnt 1998 wer regelmjittich tsjinsten plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Александра Невского (Тверь)