Jehanneskleaster (Sint-Petersburch)

It Sint-Jehanneskleaster (Russysk: Иоанновский монастырь; transl. Ioannovsky Monastyr) yn Sint-Petersburch is in stauropegiaal kleaster fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. It kleaster stiet oan de kaai fan de Karpovka-rivier en waard stifte troch Jehannes fan Kronstadt en ferneamd nei dy syn patroanhillige, de muonts Jehannes fan Rila. Yn de kleastertsjerke is it grêf fan Jehannes fan Kronstadt.

Jehanneskleaster

Иоанновский монастырь

bouwurk
Монастырь пр.Иоанна Кронштадского.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Saint Petersburg.svg Sint-Petersburch
adres набережная Pеки Карповки 45 (Naberezjnaja Reki Karpovki)
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1900-1908
arsjitekt Nikolai Nikonov
boustyl Neo-byzantynske arsjitektuer
offisjele webside
Side fan it kleaster

It kleaster is yn neo-byzantynske styl boud neffens in ûntwerp fan de diosesane arsjitekt Nikolai Nikonov.

BouskiednisBewurkje

It kleaster waard stifte fanút it troch Jehannes fan Kronstadt stifte nonnekleaster yn syn bertedoarp Soera. Ynearsten wie it doel dat it dêr in úthôf fan bliuwe soe, mar it kleaster waard te grut om allinne mar in úthôf te wêzen. Op 8 maaie 1900 waard it ynwijd en yn 1901 waard it in selsstannich keaster.

De oan Jehannes fan Rila wijde benedentsjerke waard op 17 jannewaris 1901 ynwijd troch Jehannes fan Kronstadt, wylst de oan de Tolve Apostels wijde boppetsjerke op 17 novimber 1902 ynwijd waard troch metropolyt Antonius mei as ko-selebrant Jehannes fan Kronstadt.

Tusken 1903 en 1908 waard it fiif ferdjippings kleaster boud mei in sikehûs, in weeshûs en wurkromtes. Ek waard der in grêftsjerke oanlein, dêr't in dei nei de wijing Jehannes fan Kronstadt yn in wyt moarmeren grêf byset waard. Pylgers besochten it grêf fan de preester en der waard al gau tynge dien fan wûnderlike genêzings, allinne al yn 1909 wiene der tolve.

Yn de Earste Wrâldkriich iepene it kleaster in sikehûs foar ferwûne soldaten.

SovjettiidBewurkje

It kleaster waard yn 1923 yn opdracht fan de autoriteiten sletten. Hast alle nonnen waarden ferballe nei finzenissen en kampen. De gebouwen waarden oerdroegen oan ferskillende sekuliere organisaasjes.

WeriepeningBewurkje

Yn 1989 waarden de gebouwen werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. It kleaster hie yn de rin fan de tiid mear as 20 ferskillende organisaasjes ûnderbrocht en de oarspronklike struktuer wie folsein feroare. Om it ynterieur te rekonstruearjen moasten muorren, tuskenflierren, doarren ensafuorthinne útbrutsen wurde. Stadichoan waard it hiele kleaster, ynklusyf de tsjerken, wer yn de oarspronklike steat werombrocht.

Tagelyk mei it herstel fan de gebouwen begûn ek de weroplibbing fan it kleasterlibben. Sûnt patriarch Aleksius II op 12 juli 1991 de Tsjerke fan de Tolve Apostels wijde, wurde der wer alle dagen tsjerketsjinsten holden. Yn 1992 krige it kleaster de status fan stauropegiaal en fanôf dat stuit falt it kleaster direkt ûnder it gesach fan de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: