Jehannestsjerke (Sohrol)
De Jehannestsjerke fan Sohrol (Armeensk: Սուրբ Յովհաննէս Եկեղեցի; Perzysk: کلیسای هوانس سهرل, کلیسای هوهانس مقدس of کلیسای سهرل) is in leech Armeensk-apostoalysk tsjerkegebou, dy't yn 'e Iraanske provinsje East-Azerbeidzjan by it doarp Sohrol stiet, likernôch 25 km fan 'e stêd Tabriz.
Sint-Jehannestsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Iran | |
provinsje | East-Azerbeidzjan | |
plak | Sohrol | |
koördinaten | 38° 17' N 46° 11' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
status | leechsteand | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Samson Jakovljevitsj Makinzev | |
boujier | 1840 | |
Kaart | ||
Lokaasje
bewurkje seksjeDe Jehannestsjerke stiet op in heuvel oan 'e súdwestlike râne fan it doarp Sohrol, likernôch 25 km himelsbreed fan Tabriz en 13 km fan 'e autodyk Tabriz–Marand.
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak waard yn 'e 5e/6e iuw nei Kristus in tsjerke boud, dêr't yn 'e 19e iuw allinne in ruïne fan oer wie. Yn 1840 waard op 'e fûneminten fan dy tsjerke mei it jild fan in rike Armeen ûnder lieding fan 'e Russyske generaal Samson Jakovljevitsj Makintsev in nije tsjerke boud. De tsjerke rekke yn 1936 troch in ierdskodding skeind en dêrnei waarden de doarren en de ramen fan 'e tsjerke plondere. Nei de emigraasje fan in soad Armeenske kristenen nei de Twadde Wrâldkriich, fral nei de Sovjet-Uny, kaam de tsjerke leech te stean.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe tsjerke is 18,45 m lang, wylst de breedte by it alter 5,7 m en foar de rest 4,5 m mjit. De bakstiennen tsjerke hat yn it west in tagong, yn 'e midden in sintrale rjochthoekige hal en in alterromte yn it easten.
Boppe de westlike tagong hat de tsjerke in achtpuntige klokketoer mei in pyramidefoarmige koepel. Fierder hat de sintrale hal in grutte kegelfoarmige koepel en boppe it alter in lytsere koepel mei in achtsidige, pyramidefoarmige koepel.
Oars
bewurkje seksjeBy de fotowedstriid Wiki Loves Monuments wûn in troch Farzin Izaddoust Dar makke ôfbyld fan it tsjerkegebou it earste plak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Johanneskirche (Sohrol)
|