Jel fan Liauckama
Jel (Juliana) fan Liauckema (1585-1650) wie in Fryske ealfrou fan in âld laach mei in protte ynfloed. Hja troude yn 1616 mei Eraert van Pipenpoy (1576–1638), in ridder út it âlde West-Brabânske Pipenpoy-geslacht.
Libben
bewurkje seksjeJel fan Liauckama waard yn 1585 berne as earste bern fan Jarich fan Liauckema en Sjouck fan Cammingha (1558–1620). Se soe yn 1592 noch in suster krije, Trijn.
Jel troude yn 1616 mei Eraert fan Pipenpoy, in ridder en hear fan Merchten (Flaamsk-Brabân), út in âld West-Brabânsk geslacht. Dat houliksfeest waard bekend as de Pipenpoyske brulloft. It pear wenne yn Merchten, mei't Jel's heit noch oant 1642 yn de Liauckama State wenne. Se krigen in dochter, Sophia Anna fan Pipenpoy. [1]
Doe't Jel yn 1638 widdo waard, ferhuze se mei har dochter werom nei Liauckema State, dy't se fan har heit urf doe't er yn 1642 ferstoar.[2] [3] In jier letter liet se har portret skilderje troch Wybrand de Geest.
-
Eraert fan Pipenpoy yn 1625
-
Dochter Sophia Anna (Wybrand de Geest)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|