Wybrand Simonsz. de Geest (Ljouwert, 16 augustus 1592 – Ljouwert, sa. 1661) wie keunstskilder yn Ljouwert. Hy wie spesjalisearre yn it meitsjen fan portretten.

Wybrand de Geest, selsportret (1629)

Wybrand de Geest krige syn oplieding yn it earstoan by syn heit Simen Juckesz. en gie letter yn de lear by syn omke Abraham Bloemaert. Fan 1614 oant 1618 ferbleau hy yn Frankryk en Itaalje. Werom yn Ljouwert, wurke hy ûnder oaren yn opdracht fan it Fryske steedhâlderlik hôf.

De Geest wie by syn ferbliuw yn Rome lid wurde fan de Nederlânske skildersrûnte de Bentvueghels. Fan de leden fan dat genoatskip krige hy de bynamme 'De Friesche Adelaar'.

De Geest troude yn 1622 mei Hendrickje Ulenborch, in fiere nicht fan Saskia fan Uylenburgh, de frou fan Rembrandt. Yn it foar it meastepart protestantske santjinde-iuwske Ljouwert naam De Geest in útsûnderingsposysje yn troch de Roomsk-Katolike Tsjerke trou te bliuwen.

De Geest beynfloede de styl fan Jacob Adriaensz Backer út Harns. Learlingen fan him wiene Jan Jansz. de Stomme en Jacob Potma. Ek De Geest syn soannen Julius en Frank wiene ek skilders. In bernsbern, dy't ek Wybrand hjitte, die fan alles en noch wat, [1] sa as toanielspylje, it skriuwen fan kluchten en hy liet it "Het Kabinet der Statuen" (1702) útbringe en makke in reisgids foar Rome.

Der hinget wurk fan De Geest yn it Ryksmuseum Amsterdam, it Frysk Museum, yn Harinxmastate (Beetstersweach) en yn Stuttgart.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Vries, L. de (1982) Wybrand de Geest. 'De Friessche Adelaar'. Ljouwert, De Tille.

Keppelings om utens:

Fuotnoat:

  1. Tentoonstelling rond familie van schilder Wybrand de Geest