Jelckemastate
Jelckemastate wie in stins yn Meskenwier by Akkrum.
De stins wie eigendom fan de Skieringer haadlingen Jelckema, ôfwikseljend mei de namme Wybe en Jarich. Hja wiene belutsen by in soad fetes en militêre aksjes dy't beskreaun binne yn de kroniken fan Thabor en yn de âldfryske oarkondes.
Neffens it stimkohier wie jonker Oene fan Roarda yn 1640 eigener en Tjebbe Jelles de brûker. Yn 1698 wiene dat efter inoar "Vrouw Aurelia van Hillema" en "Welmoed Annes", mar by dy lêste is mei potlead oantekene "is Welmoed Thomas, weduwe van Anne Abes". It goed wie doe foar in pleats fan gemiddelde grutte nammentlik 67 pûnsmiet, hast 30 hektare. Blykber hat dit span goed buorke, want yn 1728 is harren soan Thomas Annes, mei syn bern eigener en brûker. Dy hawwe it net yn de famylje hâlde kind, want yn 1832 wie it eigendom fan de Ljouwerter keapman Hajonides Bolman.[1] Bewenners fan de state wiene
- famylje Jelckema
- 1640 - Oene fan Roarda
- 1698 - Aurelia fan Hillema
- 1728 - Thomas Annes
- 1823 - Hajonides Bolman
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |