Aurelia fan Hillema

Aurelia fan Hillema (Ljouwert, 21 novimber 1636 - De Jouwer, 10 novimber 1707) wie in rike Fryske frou dy’t troch har houlik wichtich wie foar it ûntstean en útwreidzjen fan de dynasty fan de lettere aadlike famyljes Fan Sminia en Vegelin fan Claerbergen.

Aurelia, ek wol: Auck of Auck neamd, wie in dochter fan Frederick fan Hillema (Ljouwert, 5 febrewaris 1606 - dêre, 5 septimber 1636) en Fockje fan Sminia (18 augustus 1615 - 30 april 1658).[1] Se waard berne yn in ryk fermidden. Aurelia har mem Fockje wie yn 1633 op achttjinjierrige leeftyd troud mei de tsien jier âldere Frederick fan Hillema. Aurelia har heit Frederick wie in ryk man – syn âlden wiene al ferstoarn - en hy stie as sekretaris fan it Kriichsgerjocht oan it bejin fan syn karriêre. Aurelia har pake Jelte (Gellius) fan Hillema (1563-1626), wie in soan fan in Ljouwerter lekkenkeapman en hie yn Leien en oan inkele bûtenlânske universiteiten studearre. Dêrnei hie hy fan 1594 oant 1597 sekretaris fan Ljouwert west en wie fan 1597 oant syn ferstjerren riedshear yn it Hof foar it kertier fan de Stêden. Pake Jelte wie twaris troud binnen it laach Haersma (dat doe al in hege posysje yn de gritenij Smellingerlân hie), earst mei Houck Haersma, waans iennige broer letter grytman fan Smellingerlân wurde soe, en nei har ferstjerren mei dy har folle nicht Auckjen fan Haersma (†1626), de mem fan syn bern.

Sminia en Vegelin bewurkje seksje

Aurelia har mem wie al yn 1636, trije jier nei de brulloft, widdo wurden en krige doe de soarch oer Aurelia. Frederick wie al stoarn foar de berte fan Aurelia. As widdo wie Fockje eigener fan it troch Frederick neilitten grûnbesit. Dat telde yn 1640, doe’t de stimdragende lannen registrearre waarden, mar leafst 45 stimmen yn alve ferskillende gritenijen en 21 doarpen. Dêrmei fierde hja it 'klassemint' fan stimhawwers yn Fryslân oan (har heit stie mei amper sechtjin stimmen op nûmer 36).

Yn 1643 krige Aurelia in styfheit doe't har mem wertroude mei Philip Ernst Vegilin van Claerbergen (1613-1693). Philip wie ferroaid de Palts yn Dútslân ûntflechte. De Palts hie bot fan de Tritichjierrige oarloch te lijen hân, en Philip socht dêrom nei ferrin fan tiid syn hinnekommen yn de Republyk. Yn 1641 wie hy op foarspraak fan Constantijn Huygens ried en sekretaris wurden fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik fan Nassau. Vegelin hie net folle besittings, mar dat waard goedmakke troch de grutte ynfloed dy’t hy oan it Steedhâlderlik Hof hie. Dat kaam goed fan pas doe’t Jetze fan Sminia, Fockje har healbroer, de leeftyd berikte om in passend amt te beklaaien en boppedat al ferloofd wie mei Anna Maria, dochter fan Hobbe fan Baerdt, grytman fan Haskerlân. Fockje en Philip krigen ien soan, Hessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715). Neidat Aurelia har mem Fokje yn maaie 1658 ferstoar, wertroude har styfheit Philip Vegelin as widner yn 1660 yn De Bilt mei de ûngefear tweintich jier jongere Utertske boargemastersdochter Josina Ruijsch.

Dynastyen bewurkje seksje

Op 22 maaie 1653 troude Aurelia yn Ljouwert mei Egbert Hobbes Baerdt (1627-1669). Egbert wie de soan fan Hobbe fan Baerdt en Appolonia fan Vierssen. Aurelia krige mei Egbert twa soannen: Frederik Egberts Baerdt en Hobbe Egberts Baerdt dy’t beide jong ferstoarn binne. Foar har pake Hessel fan Sminia sil 22 maaie 1653 grif in hichtepunt yn syn libben west hawwe. Op dy dei waard yn Ljouwert nammentlik in yn dynastyk opsicht tige wichtich dûbelhoulik sletten. Hessel syn soan Jetze troude mei Anna Maria fan Baerdt en har broer Egbert fan Baerdt (doe al trije jier grytman fan Haskerlân) troude dy dei mei Hessel syn pakesizzer Aurelia. In oare wichtige brulloftsgast wie Philip Ernst Vegilin fan Claerbergen, de skoansoan fan Hessel, styfheit fan Aurelia en sweager fan Jetze. Troch dy útruil fan houlikspartners waarden de Sminia's (en de Vegilins) opnomd yn de grytmannefermiddens fan Sânwâlden. Tanksij it netwurk fan syn sibben wie Jetze fan Sminia beëdige as riedshear. Ek syn beneaming ta grytman fan Gaasterlân, yn 1669, soe sûnder dit netwurk ûntinkber west ha. Mar ek op langere termyn wienen dizze houliken bepalend foar de takomst fan sawol de Sminia's as de Vegilins.

Erfgenamten fan 'pake' Sminia, dy’t yn 1670 op 82-jierrige leeftyd ferstoar, wiene Jetze fan Sminia foar de iene helte en foar de oare helte Aurelia mei Ernst Fredérik en Hessel Vegilin van Claerbergen en de trije bern fan Fockje fan Sminia (†1658). Troch it sûnder bern bliuwen fan sawol it houlik fan Hobbe syn âldste soan Dirck van Baerdt (†1673) as dat fan Egbert fan Baerdt (†1669) en Aurelia fan Hillema soe úteinlik de helte fan it grutte fermogen fan de famylje Baerdt terjochte komme by de famylje Sminia en de oare helte by it laach Vegelin. Doe't Aurelia har man Egbert fan Baerdt yn 1669 ferstoar, fererve de helte fan it fermogen fan de famylje Baerdt op de bern fan Jetze fan Sminia en Anna Maria fan Baerdt. De pakesizzers fan Hessel fan Sminia waarden grytman: Hessel Vegilin fan Utingeradiel (1683-1689) en Haskerlân (1689-1707) en Frederik fan Sminia fan Utingeradiel (1689-1751).

Aurelia hie in soad ûnreplik guod, ek op De Jouwer. Sa wie it gebiet tusken de Bûtsingel en de Tsjerkestrjitte bekend as it Fan Baerdtgebiet. Yn dat gebiet stie it pleatske mei túnkerij dat de Aurelia Hillemahof hjitte. De huzen oan de Bûtsingel wiene ûnderdiel fan de kwekerij it Ald Hof.[2] It gebiet Koaileane/Hurddraversdyk/Skien wie eartiids allegear yn eigendom fan Vegelin fan Claerbergen. Aurelia ruile ek wol eigendommen. Sa ruile se bygelyks besittings yn Tytsjerksteradiel foar pleatsen yn Haskerdiken, Haskerhoarne en Aldehaske. Yn 1698 wenne Aurelia op de pleats Jelckemastate op Meskenwier by Akkrum.[3]

Twadde houlik bewurkje seksje

Aurelia wertroude op 17 maaie 1674 mei de Jouster dûmny Cornelius Tenninck. Oer him waard skreaun: 'Doe’t yn it rampjier 1672 rûnom beastûnen holden wiene fierde Tenninck op De Jouwer it knibbeljen yn. Hy ferbea in lidmaat dy’t dit knibbeljen seach as 'een godloze superstitie en afgoderye hield' om mei te dwaan oan it jûnsmiel. Engelsma (Class. Zevenw.) sei fan him ‘Onze Tennink verspreide van zig in lieflyke reuk van tedere en ongeveinsde Godvrugt, wiens gedagtenisse als van een uitmuntende regtveerdige en een kragtige bidder hier lang in zegeninge geweest is’. [4] It houlik mei Tenninck duorre net lang, hy ferstoar al yn 1677, sadat Aurelia opnij widdo waard.

By har ferstjerren yn 1707 wie Aurelia al tritich jier widdo.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Spanvis.nl
  2. Raamwerk Joure 2011-2021 novimber 2012 - gemeente Skarsterlân
  3. Stinzen yn Fryslân
  4. Aanvullingen en verbeteringen van Romein's Naamlijst der predikanten in de Hervormde gemeenten van Friesland
  5. Hobbe Baerdt van Sminia: Nieuwe naamlijst van grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795