Willem Freark fan Nassau-Dietz

(Trochferwiisd fan Willem Frederik fan Nassau)

Willem Freark fan Nassau-Dietz koartwei Willem Freark (Arnhim, 7 augustus 1613Ljouwert, 31 oktober 1664) wie fan 1640 oant 1654 greve en dêrnei oant 1664 foarst fan Nassau-Dietz en fan 1640 oant 1664 steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Hy wie de opfolger fan syn âldere broer Hindrik Kasimir I.

Willem Freark fan Nassau-Dietz

Biografy bewurkje seksje

Willem Freark wie in soan fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz en Sophia Hedwich fan Brunswyk-Wolfenbüttel. Hy studearre yn Leien en Grins en naam dêrnei tsjinst yn it leger fan Freark Hindrik fan Oranje. Yn 1640 nimt hy diel oan de striid om Hulst, dêr't syn broer Hindrik Kasimir I omkomt. Dêrnei ûntstjit der in skeel mei Freark Hindrik fan Oranje wa de opfolger fan Hindrik Kasimier wurde sil. Uteinlik wurdt Willem Freark allinnich steedhâlder fan Fryslân. Tsjin de tiid dat Willem Freark steedhâlder wurden is, wie de Tachtichjierrige Oarloch sawat foarby. En nei it ferstjerren fan Freark Hindrik soe hy dochs noch steedhâlder oer Grinslân en Drinte wurde. Yn 1664 wurdt hy troch de Steaten-Generaal oan it haad fan in lyts ekspedysjeleger steld dat de Munsterske biskop Bernhard von Galen ferjeie moast. Mei súkses slagget hy dêryn, mar koart dêrnei stjert hy nei in ûngelok mei in pistoal.

Willem Freark is ek bekend troch syn deiboeken dy't weromfûn binne. Hy skreau hjiryn op in iepenhertige wize oer saken as sykte, lust, dranksucht, berou en skuld.

Nei syn dea soe er opfolge wurde troch syn soan Hindrik Kasimir II.

Houlik en bern bewurkje seksje

Yn 1652 troude Willem Freark mei Albertine Agnes (1634-1696), de fiifde dochter fan Freark Hindrik. Ek is hy de stamheit fan it tsjintwurdige keninklik hûs yn Nederlân. De neifolgende bern binne út dit houlik berne:

Literatuer bewurkje seksje

  • Luuc Kooijmans: Liefde in opdracht. Het hofleven van Willem Frederik van Nassau. Bert Bakker, 332 siden.