Jelena Grigorjeva

Jelena Grigorjeva (Russysk: Елена Григорева; Ruslân, 1978Sint-Petersburch, 21 july 2019) wie in Russysk minskerjochte-aktiviste, dy't har ynsette foar de lykberjochtiging fan homoseksuëlen en lesbiënnes yn 'e Russyske Federaasje. Se kante har ek iepentlik oan 'e ûnrjochtlike en al sûnt 2014 oanhâldende Russyske besetting fan de Krim, in gebiet dat ta de Oekraïne heart.

Jelena Grigorjeva
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jelena Grigorjeva
nasjonaliteit Russysk
berne 1978
berteplak ? (Ruslân)
stoarn 21 july 2019
stjerplak Sint-Petersburch (Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
aktyf as homorjochte-aktiviste

Moard bewurkje seksje

Grigorjeva waard yn july 2019 yn har wenplak Sint-Petersburch troch ien of mear ûnbekenden fermoarde. Se kaam om it libben troch stekwûnen en wjirging. Al har kontaktgegevens wiene begjin july iepenbier makke op 'e webside fan in Russyske groep dy't himsels 'Saw' neamde, nei de bekende Amerikaanske horrorfilmsearje. De leden fan dy organisaasje fiteren al harren lêzers oan om 'e persoanen op in list mei homorjochte-aktivisten en krityske sjoernalisten, dy't se gearstald hiene, op te jeien, te ûntfieren en te fermoardzjen. De webside fan Saw waard fan oerheidswegen blokkearre, mar de list wie al ferskate kearen downloaden en sirkulearre neitiid op 'e sosjale media.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.