Jenisejaanske talen

De Jenisejaanske talen, soms ek wol de Jenisej-Ostjaakske talen neamd, foarmje in lytse taalfamylje, wêrfan't de ûnderskate talen fan âlds sprutsen waarden yn sintraal Sibearje, yn it streamgebiet fan 'e rivier de Jenisej (dêrfandinne de namme). Fan dizze talen wurdt hjoed oan 'e dei noch mar ien, it Kettysk sprutsen; de rest is fan 1750 ôf útstoarn. Ek it Kettysk, dat noch mar goed twahûndert sprekkers hat, wurdt sterk yn syn fuortbestean bedrige. Yn 2010 waard ûntdutsen dat de Jenisejaanske talen besibbe binne oan 'e Na-Dené-talen út Noard-Amearika, wêrmei't se de Dené-Jenisejaanske talen foarmje.

Jenisejaanske talen
algemien
lokaasje sintraal Sibearje
tal talen 1 + 5
tal sprekkers ±210 (2010)
taalbesibskip
taalfamylje Dené-Jenisejaansk
subgroepen Noardjenisejaansk
Súdjenisejaansk

Sineeske boarnen wize derop dat de sprekkers fan 'e Jenisejaanske talen ta de groep folken hearden dy't it stammeferbân fan 'e Xiongnu foarmen, dy't tradisjoneel as de foarâlden fan 'e bekendere Hunnen beskôge wurde. Ien sin út 'e taal fan it Jie-folk, dy't yn 'e fjirde iuw optekene waard troch in Sineeske skriuwer, fertoant nammentlik tige sterke oerienkomsten mei de Jenisejaanske talen.

Yn elts gefal lykje de Jenisejaanske talen omtrint it begjin fan 'e jiertelling yn twa groepen útinoar fallen te wêzen, te witten: de Noardjenisejaanske talen en de Súdjenisejaanske talen. Seis talen út 'e Jenisejaanske taalfamylje binne noch as sadanich werom te kennen. Nei alle gedachten moatte der oarspronklik mear talen west hawwe, mei't de Buklin, Baikot, Jarin, Jastin, Asjkysjtym en Koibalkysjtym út 'e tsaristyske belestingregisters nei foarren ta komme as Jenisejaanske befolkingsgroepen, mar fan harren talen is neat oars oerlevere as in pear plaknammen.

 
De fersprieding fan 'e Jenisejaanske talen yn 'e 17e iuw (arsearre gebiet) en yn 'e 20e iuw (folslein ynkleure enklaves).

Nei't yn 'e santjinde iuw de kolonisaasje fan Sibearje troch de Russen begûn, rekken de Súdjenisejaanske talen al rillegau yn 'e swierrichheden. Fan dy groep stoar it Pûmpkolsk al om 1750 hinne út, en it Assanysk en Arinysk om 1800 hinne. It Kottysk hold it it langst út, mar lei it om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne ek ôf. Fan 'e beide Noardjenisejaanske talen stoar it Jûgysk yn 1990 út. It Kettysk is dêrmei de iennichste noch libbene Jenisejaanske taal. Om't der neffens gegevens út 2010 mar sa'n 210 sprekkers wiene, en dat meast âldere minsken, sjocht it der lykwols ek foar it Kettysk beslist net roaskleurich út.

Underferdieling

bewurkje seksje

De Jenisejaanske talen diele in protte skaaimerken mei de súdlike Sibearyske taalgroep fan 'e Turkske talen, de Samojeedske talen en it Toengoezyske Ewinkysk. Sokke karakteristiken binne lykwols net it gefolch fan taalbesibskip, mar kinne oantsjut wurde as troch kontakt feroarsake oerienkomsten, fuortkommend út 'e iuwenlange omgong tusken de leden fan dy etnyske groepen. Hjirby giet it û.m. oan nasaalharmony en it feroarjen fan affrikaten (kombinaasjes fan konsonanten) yn plofklanken. De Jenisejaanske talen ûnderskiede har lykwols fan alle oare lânseigen talen fan Sibearje trochdat se toantalen binne (wêryn't de toanhichte fan in wurd betsjuttingsûnderskiedend wêze kin). Oare grutte ferskillen mei oanbuorjende talen binne de tige yngewikkelde morfofonology fan 'e Jenisejaanske talen en it feit dat de Jenisejaanske talen de ferbûging fan 'e tiidwurden dogge troch foarheaksels ta te foegjen ynstee fan efterheaksels.

Besibskip mei oare taalfamyljes

bewurkje seksje

Foarhinne waarden de Jenisejaanske talen faak mei in stikmannich oare lytse taalgroepkes út Sibearje op ien bulte smiten as de Paleo-Sibearyske talen. Dat wie lykwols gjin groepearring dy't op basis fan taalkundige skaaimerken foarme wie, mar inkeld in oantsjutting foar it gemak dêr't alle talen yn Sibearje mei bedoeld waarden dy't net by ien fan 'e gruttere taalfamyljes ûnderbrocht wurde koene.

Hoewol't gjin inkele taal yn in fakuum ûntstiet en de Jenisejaanske talen dus fia in opienfolging fan oertalen út in fier ferline sûnder mis ek besibbe wêze moatte oan oare talen, koe oant yn 'e ienentweintichste iuw net ien teory op dat mêd op sadanige wize ûnderboud wurde dat de bredere wittenskip him foar wier oannaam. Benammen fanwegen it tonale karakter fan 'e Jenisejaanske talen waard der al yn 'e njoggentjinde iuw spekulearre oer besibskip tusken dizze taalgroep en oare tonale taalfamyljes yn Aazje. Dêrby waard benammen ferskate kearen (û.m. troch taalkundigen as Karl Donner en Karl Bouda) in bân tusken Jenisejaanske en de Sino-Tibetaanske talen op 't aljemint brocht. In oare gadingmakker wie in bân tusken de Jenisejaanske talen en it Boerûsjasky, in isolearre taal út 'e Pakistaanske Himalaya.

Yn 2010 publisearre de Amerikaanske taalkundige Edward Vajda yn 'e Anthropological Papers of the University of Alaska syn artikel A Siberian Link with Na-Dene languages. Dêryn stelde er in besibskipsrelaasje foar tusken de Jenisejaanske talen en de Na-Dené-talen, dy't troch Yndianen yn Noard-Amearika sprutsen wurde (wêrûnder it Navaho, Tlingit, Sarsy en de Apache-talen). Dizze bân is nei ûndersyk troch oare taalkundigen stekhâldend bleken, en wurdt no frij algemien akseptearre. De oerkoepeljende taalfamylje fan 'e Jenisejaanske talen en de Na-Dené-talen wurdt de Dené-Jenisejaanske talen neamd. De Eskimo-Aleoetyske talen bûten beskôging litten is dat de earste bewiisde geneälogyske link tusken talen út 'e Alde Wrâld en de Nije Wrâld dy't ea ûntdutsen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.